Weppers woansdei 19-12

Koppie…koppie 1
18 december 2012
SDS League: Wepmaster pakt wykpriis!
19 december 2012

Krystbuorrel
Tongersdei gjin trainen mar wol efkes neisitte is it idee. De earste helte fan it seizoen yn stijl bedrinke en oertinke. Miskien efkes in kaartsje lizze of oare spultsjes, mar gewoan oan de bar kin ek. (we kin it in krystborrel neame).

SDS-frouljuskrystsealtoernoai
Kommende sneon is it jierlijkse SDS-frouljuskryst-sealtoernoai. It begjin om 19.00. Eltsenien is wolkom fansels.

Ynhelje
De earste ynhelwedstryd foar 2013 stiet alwer fêst. SDS 1 mei op sneon 19 jannewaris thús fuotbalje tsjin CVVO 1.

Alde doaze
Nei de striid tsjin Hubert Snits stiene der altiten aardige koppen yn de krante. Sjoch
hjir.

Bekerstriid
Hjoed de nijsgjirrige bekerstriid tusken sc Hearrenfean en Feyenoord. Om de koartste wei nei Europa lâns te gean moat der wûn wurde. De wepmasters sitte of stean jûn beide op de tribune mar hawwe ferskillende belangen: Forza Heerenveen en hân yn hân foar Feyenoord.

SDS League
Yn de rin fan de dei kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League ferwachtsje.

Harsens derby(915)
Je sjogge it de trainer tinken; “harsens derbyyyyyy!!!!!”