Tiisdeitemiddei-wepperkes

Kompetysje-yndielingen Senioaren
26 juli 2004
De latte net te heech lizze
27 juli 2004

Bier
Wy krigen in wonderlijk berjocht út Spannum fan ús razende reporter H. Eringa. Syn libben stiet hielendal op ‘e kop neidat der dit lêzen hat. Ek foar SDS kin dit konsekwinsjes hawwe. Der sil miskien doch wer ris neitocht wurde moatte om in frouljusteam op te rjochtsjen. Lêz mar ris.


Traine
It is mar goed dat er in B-fjild is yn Easterein. Dan kin der tiisdei traind wurde. Want it A-fjild moat sparre wurde, yn Wommels mei net mear fuotballe wurde oan de freule ta en it trainingsfjild yn Easterein is net ien grutte sânbulte mar wol 30 sânbulten. It wiete waar spilet parten. Dizze wike sil besocht wurde it sân plat te krijen. It moat wol wat droech wêze en dêrnei kin de swarte grûn der oer. Dizze grûn komt fan de fuotbalfieriening Harns, dy’t oergien binne op in kuenstgersfjild. Feike Jorritsma van de stifting Skoalleseize seach jûn ek noch efkes nei it oare trainingsfjild. It gerssied wat dêr yn struid wie is, troch it folle wetter der út reind. Ek dat fjild hat ferlet fan droech, groeisum waar.

Traine op it fjild sa’t er no by leit, kin net. It is te maklik om je te ferbergjen. Dúdlik is te sjen dat it sân fiestente wiet is.

Kransen oan de muorre
Jacob Klaas Haitsma hat it bestjoer fan keatsferiening Easterein frege om tenei by it kompetsyjekeatsen op moandeitejûn ek kransen te jaan by in winstpartij. Hy sjocht dit as ienige mooglikheid om de Eastereinder famyljes Okkema en Scheltema foar te bliuwen. Oan it Heechhiem by de famylje Scheltema hingje 8 kransen, wûn troch Sicco (5) en Britt (3). Heit Freddy en by need mem Atty wurde sparre foar de einspurt, want dat se winnen gean stiet foar harren wol fêst.

Drege tsjinstanner is op dit stuit de famylje Okkema. Ek dit wykein koe der wer in krans oan de muorre hongen wurde. Heit Klaas sjocht de Scheltema’s as de grutste konkurrinten. Fan de Haitsma ferwachtet hy net folle mear want it moat tefolle fan Erik komme, sa jout hy oan. 10 kransen siere de muorre oan de Singel op.

Lifte
Sa’t wy al earder melden wiene der twa bekinden dy’t oan de lannelike liftwedstriid meidiene yn Uden.  Sjoukje Koudenburg út Goenga en Tsjeard Hofstra út Wommels binne dizze moandeitemoarn mei 25 oare koppels te striid oan gien om as earste yn Courmayeur te kommen yn de Alpen. Om 20.59 oere wie it earste team binnen. En dat wiene  twa Friezen: Tsjeard en Sjoukje. Om likernôch 4 minuten letter en 25 minuten letter melden de nr. 2 en 3 harren. Fan herte lokwinske. Fia in prachtich sms systeem is de wedstriid te folgen. Sjoch
hjir.

De nije SDS League
Sa as it no stiet kin eltsenien him al fanôf de earste wike fan augustus ynskriuwe foar de SDS League. Hâld ús webside dus yn ‘e gaten.

LC Coach
De Ljouwerter Krante hat it kommend jier ek wer it spultsje Coach fan it jier. Je kinne dêr oan mei dwaan foar in lyts bedrachje. Je hawwe yn dat spul in protte tsjinstanners mar kinne ek yn in sub-kompetrysje meidwaan. Wy hawwe al fêst SDS Easterein oanmelden foar in eigen kompetysje. Wa’t mei dwaan wol yn dy kompetysje, moat him sa gau mooglik opjaan by
LC Coach. En fansels dan oanjaan dat je meidogge yn de SDS kompetysje. Sibe hat him al oanmelden mei syn Skrokkers. Net folle konkurrinsje oan ’t no ta want hy is noch de ienige. Je kinne je oanmelde oan ’t 12 augustus.

De measte krânsen
Wy hawwe wer der wer ien by yn de rige fan “wa hat de measte krânsen”? Dit kear is it Gearard van Asselt dy ’t in serieuze goai nei de titel docht. Hy hat it spultsje allinne net hielendal goed begrepen. It giet der net om wa as de measte krânsen om ‘e nekke hâlde kin. Foar ús binne se sa ek net te tellen.

Gearard mei de krânsen.
(Mei tank oan
www.dophok.nl)