Komkommernijs

Weppers tongersdei 26-7
26 juli 2012
Weppers tiisdei 31-7
31 juli 2012

Komkommernijs
Der is op it heden net folle nijs. It nijs wat der dan wol is meie wy dan “komkommernijs neame. By dizze:


Seleksjes SDS 4 en 5
De nije seleksjes fan SDS 4 en 5 kinne jim no op de webside fine by “senioaren”.

SDS 65 jier
Noch 2 wiken en SDS bestiet 65 jier. Jou je
hjir gau op foar it (jeugd)fuotbaltoernoai en de barbekjoe!

Freestyle
Mei it SDS-jubileum is der oerdei in Freestyle-voetbalshow. It is de muoite wurdich om dêr efkes te sjen. Sels kinne je thús fêst oefenje. Hjir wat ideetsjes.

Tink derom dat de fuotten net yn de tizen reitsje!

Olympyske Spelen
Âld-SDS’er Arnoud Koster is al yn Londen en wurket yn it HHH. Dirk-Yde Sjaarda sil fansels ek dy kant út. 7 augustus pakt hy it fleantúch nei Ingelân.

Gjin PC
De SDS’ers Bauke Dijkstra, Redmer Strikwerda en Feiko Broersma binne der tongersdei krekt net yn slagge om harren te pleatsen foar de PC fan kommende woansdei. Sy ferlearen yn de finale fan de keats-off mar krekt(sjoch hjir).

Alderaardichst

“Die ist für die Mutti!!”

In “Los” WWK
Tongersdeitejûn waard der in WWK(“Waarm Wommelser Kampioenskip”) ferspile yn Wommels. Mei de bloskes op de wangen dienen der mar leafst 6 man mei. De partijen wienen gau makke. Oan de iene kant “Team Los” (Jurjen en Arjan Los en Jan-Friso Bruinsma(Jan “F.Los”) en de oare kant “Team Kolos”(Hendrik Engbrenghof, Rudy Dijkstra en Willem). Sy gienen 19.38 los. “Team Kolos” gie knap los en stienen samar in pear doelpunten los. Dochs wienen sy úteinlik de klos doe ’t “Team Los” om 21.05 de winnende goal makke.

SDS’ers derop út!
Der is hjoed wer genôch te dwaan. Der sil wol in stel SDS’ers meidwaan oan de Jeu-de-Pelote-PC yn Winsum. Der sille wol wat SDS-hippies nei it Gaasterland-Popfestival geane yn Rys en de rest bedarret fêst yn Arum by it Haadklasse keatsen foar sawol manlju as froulju. Allegear in noflike dei tawinske!

Harsens derby (816)
Hartikke moai sa ’n snelle goal. Spitich genôch yn de ……………….