Weppers tiisdei 31-7

Komkommernijs
28 juli 2012
Weppers tongersdei 2-8
2 augustus 2012

SDS 65 jier
SDS bestiet 65 jier nije wike freed. Hjoed is it offisjeel de lêste dei dat je je opjaan kinne foar it (jeugd)fuotbaltoernoai en de barbekjoe. Jou je hjir noch efkes gau op!

SDS 2
Tongersdei 2 augustus om 19.00 oere earste training yn Easterein.
Groetnis,
Jeroen en Marco

Fan herte lokwinske!
Harm-Auke Dijkstra wurdt hjoed 31 jier. Fan herte lokwinske!

Soe der in nij sjurtsje fan Cambuur op de jierdei krigen hawwe?

The Haitsma-Battle
Justerjûn wie de lotting fan de PC. Dirk-Yde Sjaarda mei lyk los yn de earste omloop en de Haitsma’s as lêste. De Haitsma’s meie dan ek tsjinelkoar. Wy hawwe dus yn elts gefal ien SDS’er yn de twadde omloop. Mocht Erik winne dan hawwe lyk 2 SDS’ers yn de twadde omloop, want hy keatst fansels mei Jelte-Pieter Dijkstra.

Nei Mulier
Hendrika den Breejen sil kommend seizoen net mear te striken wêze by SDS as ferfangster fan Dooitze. Sy wurdt fêste strykster by 3e-Klasser Mulier.

Balotelli
Somtiden is it net handich as eltsenien je kin(klik hjir).

Wommelser Kampioenskip 30 juli 2012
In sucht en in skeet..sa kinne je miskien it Wommelser Kampioenskip it beste typearje. No at it einlik myn beurt wer ris wie om in stikje te skriuwen besefte ik my dat dit alwer de lêste reguliere fersy fan dit jier wie. Time flies when you are having fun; sizze se dan op dat grutte eilân efter Teksel. Wat foel der dizze edysje fan it WK op;
– Henk P. hat nije skuon
– Bram v B. as in pink yn de greide
– Jelle de J. hie syn foedingssupplementen oanpast op it wiete waar
– Christian G. beslûte nei 12,4mm reinwetter dat hy syn klean efkes droech lizze moast
– Sytse H. wie te reedriden
– Ate F. de B. sjocht fuotbal as in yndividuele sport
– Jan S. das Phantoooom
– Kees A. begjint syn Dútse spylstyl los te litten
– Johan P. hie like wiet west as it net reint hie
– Jelle D. Torres wie syn hier-elastyk ferjitten
– Tsjipke O. sûnder club-druk op syn best
– Hendrik E. sjocht oare rinlinen as syn teamgenoaten
– Gerlof Servet H. siet yn de resesje
– Elger G. sjocht yn Kraantje Papi in “heit figuer”
– Arjen L. sil doch ris de bal drukke moatte
– Bote Spannum wist syn team op in goeie manier te motivearjen
– Jaap T. hie nei 45 minuten fuotbaljen syn nocht
– Grutte ôfwêzige wie Jan Friso Speksma(de staveringshifker seit Speksoal?!), san speklap op ‘e holle giet je ek net yn de kâlde klean sitten…
Team Hesje
Jelle de J., Christian G., Bram van Pink, Sytse H., Servet, Henk P., Johan P., Jaap T., Bote S.
Team Sunder Hesje
Ate F. de B., Jan S., Hendrik E., Elgert G., Arjen L., Tsjipke O., Kees A., Jelle Torres
Dizze edysje fan it WK kin bestimpelt wurde as bysûnder wiet. Gelokkich binne de measte fuotballers net fan sûker dus de opkomst wie, eins sa as it hiele jier, fantastysk. Der waar moai fuotballe en der minsken makken folop gebrûk fan it wiete waar. De teams wienen aardich yn lykwicht wêrby de kânsen dan ek oer en wer gienen. De reguliere party waar úteinlik wûn troch it team sûnder it hesje. De winnende goal is dan nei 2 oeren fuotbaljen wer in kompleet nij haadstik fan de fuotbaljûn. Beide teams wer skerp as in mes. Nei 12,30 minuten fuotbaljen foel de beslissing yn it foardiel foar it team sunder it hesje. Team Hesje ferslapte in fraksje fan in sekonde en dit blike fuort fataal te wêzen. Arjan L. snijde mei in knappe dribbel troch de ferdediging fan de tsjinstander en skeat him goed binnen. Das phantom woe it doelpunt noch claime mar sa as eltsien wit ouwehoere spoeken wol faker.
Oankommende freed 3 augustus is it WK Bootcamp, minsken sammelje harren dan om 17:00 op ‘e Terp. Opjefte kin oant woansdei!
Út namme fan it WK Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. Gen. H.K. Engbrenghof

Harsens derby(817)
Net eltsenien kin skore mei in “Panenka”:





Letter miskien wol mear!