Weppers tongersdei 26-7

SDS 65 jier!
26 juli 2012
Komkommernijs
28 juli 2012

SDS 65 jier
Noch 2 wiken en SDS bestiet 65 jier. Jou je
hjir gau op foar it (jeugd)fuotbaltoernoai en de barbekjoe!

Jûn PC-keats-off
Nei jûn witte wy as der noch 3 SDS’ers op de PC steane kommende woansdei. Redmer Strikwerda, Bauke Dijkstra en Feiko Broersma meie jûn op it Sjûkelân probearje in plakje te bemachtigjen.

Jûn WWK
Jûn is der wer in “Waarm Wommelser Kampioenskip”. It begjint om 19.30.

Jûn Jong Heerenveen
Jûn hawwe sy yn Nijlân ek wer in fuotbalwedstryd. Op it Zweitse-Huitemapark sil Jong Heerenveen it opnimme tsjin Telstar. De wedstryd begjint om 19.30. Jeugd oan ’t 18 jier mei fergees nei binnen en de rest foar €4,-.

Harsens derby(815)
Wêrom flagget dy assistent-skiedsrjochter eins? Oh jaaaaaa,  panaaaaaaaaaa!