Keunstgersaksjes!

Weppers snein 1-2
31 januari 2015
Weppers moandei 2-2
1 februari 2015

1 oktober 2015
It B-fjild en de boksen binne ynmiddels klear, dus dat betsjut dat der no útsjoen wurde kin nei it keunstgersfjild.

SDS hat al aardich wat aksjes hân en dat hat al my al
sa ’n €30.000,- opsmiten.
Dêr boppe-op noch de opbringst fan sc Heerenveen – MVV en wy meie wol sizze dat it allegear goed slagge is.

Wy wachtsje no op De Skoalleseize oangeande it fierdere trajekt.

As alles goed is dan hawwe wy yn de simmer fan 2016 in prachtich nij sportkompleks lizzen!

As jim fragen of opmerkings hawwe dan heare wy it graach fia info@vv-sds.nl!

Wy dogge it mei ús allen!!


Dizze aksjes hawwe wy allegear al hân:

– In spesjale sponserjûn op 13 maart mei Erwin Zeinstra

– Grutte SDS-lotterij

– SDS-jûn op sneon 30 maaie as ôfslúting fan it seizoen

– SDS-feiling

– Fooienparaplu yn de kantine

– En op freed 17 july om 19.00 oere:
SC Heerenveen – MVV yn Easterein!!