Weppers snein 1-2

Weppers freed 30-1
29 januari 2015
Keunstgersaksjes!
1 februari 2015

SDS klean
Der is wer in hiele lading SDS-klean by Douwe-Dirk Retsma binnen kommen. Dat betsjut dat der wer hiel wat op foarrie is. Yn de SDS-wepsjop kinne jim sjen wat der sa al te krijen is. Binne jim fan doel SDS klean te keapen, skilje dan earst efkes nei Douwe Dirk Reitsma(332500), miskien hat hy it op foarrie. Hjir kin dan efentueel ek past wurde.
Der binne no dus ek “hooded sweaters” te krijen foar sawol jongens as famkes. 


SDS 1 hat oefene
SDS 1 hat juster oefene tsjin Oudehaske 1 en spilen mei 2-2 gelyk. SDS kaam mei 2-0 efter, mar troch goals fan Jelmer Posthumus en Feiko Broersma wist SDS dochs werom te kommen.
It wedstriid ferslach fan dizze wedstriid waard mei mooglik makke troch mar leafst twa ferslachjouwers oan de line. Dooitze wist tusken de blessurebehannelingen troch syn tillefoan yn stelling te bringen en Bram van Beem spruts nei ôfrin in berjocht yn fan 1 minút 1 sekonde en wist dêrmei in wedstriid fan 90 minuten te omskriuwen.

Sjoerd de Vries
Sjoerd de Vries siet yn de B-seleksje, mar is ôfrûne wike definityf by de A-seleksje kommen.

Ynhelje
SDS 1 mei kommende sneon foar it earst thús los. Sy spylje dan de derby tsjin Mulier. De wike dêrop stiet der in ynhelwedstryd pland. Dat soe thús wêze tsjin TONEGO, mar de KNVB hat it programma wer omsmiten en no mei SDS 1 op 14 febrewaris út tsjin SC Joure 1.

D1 yn ‘e seal 6 út 2 (11-2)
Einliks hiene we ôfrune sneon in oefenwedstriid tsjin LSC op kuenstgêrs. Dernei soene in oantal jongens gelyk troch nei Ljouwert om dêr te spyljen yn ‘e seal foar de KNVB sealkompetysje. Spitich genôch gie de oefenwedstriid net troch omdat it fjild te glêd en dus gefaarlik wie. Sadwaande gongen we mei de sealfuotballers om 12.15 oere rjochting de Julianalaan yn Ljouwert. Us earste wedstriid wie tsjin VenV 68 ut Garyp.  It waard in dik fertsjinne 2-0 oerwinning foar SDS.  Dernei in oerke wachtsje om dan de 2e en alwer lêste wedstriid te spyljen tsjin Friesland D1. Dit like wol in aardich ploegje, maar de mannen fan SDS tikten se kompleet fan it fjild, einútslach 9 – 2!!! Wy as lieders binne fjildfoutballers en fyne it sealfuotbaljen einliks mar niks. Mar earlik is earlik, de jongens fan SDS binne hjir eins best goed yn en fanôf de kant wie it dan ek wol moai om te sjen. Al mei al in moaie midje. Minpuntsje wie dat der gjin skiedsrjochters regele wiene.  Gelokkich hat dit him rêden, mar dit moat nye wike wol oars.
Theo.

F1 yn de seal

F1 spile juster yn de seal en sij wiene net te beroerd om efkes op de foto te gean.

Pompeblêden

De 6 fan SDS sieten juster bij de wedstriid fan Schalke 04. Op freed hiene se de Fryske tafel regele yn harren Dútske stamkroech, sûnder it bier fan ús Heit mar it focht fan Veltins.

Harsens derby (1424)
Hjir komme?