Kaartlêzers

SDS 2 tongersdeis langer traine
20 oktober 2003
SDS 1 wint overtuigend
21 oktober 2003

SDS 1 moast sneon 18 oktober nei Bûtenpost ta foar de bekerwedstriid tsjin Buitenpost.

Yn Easterein stapten de 4 youngster byelkoar yn de auto mei Durk Yde Sjaarda oan it stjoer.

Jacob Klaas Haitsma siet neist him en efteryn (!) sieten de twa kaartlêzers Henk Postma en Tjipke Klaas Okkema. Fan Tjipke wie al bekind dat syn orientaasjefermogen net sa grut is, dus moast it fan Henk Postma komme.

Om it wat dreger te meitsjen waard yn goed oerlis besletten om net fia Ljouwert te riden, want dêr is it meast sa drok. Omdat ek de wâldwei meden wurde moast siet er neat oars op as boppe Ljouwert lâns te gean.

Se hawwe it witten de jonge lju: Stiens, Bartlehiem, Birdaard, Readtsjerk en noch folle mear plakken wêr’t se noch nea west hiene.

Trainer Kees Jansen en de rest fan de seleksje fregen harren yn Bûtenpost lange tiid ôf, at se noch wol kamen. Mei in hiel koart opwaarmkertierke koe it dan dochs begjinne. Durk Yde wist it paad nei it doel better: hy skoorde twa kear en SDS wûn mei 0-6