Weppers tiisdei 20-7

Oefenprogramma SDS 1
20 juli 2010
Jelmer Posthumus spiler fan it jier!
21 juli 2010

Aginda
Yn ús aginda hjir op de webside hawwe wy alwer hiel wat dingen setten oan ’t 1 jannewaris oan ta. Sjoch
hjir mar ris. Mochten jim noch wat hawwe wat op de aginda kin mail dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Teamyndielingen/kompetysje-yndielingen ensfh?
Wy hawwe de ôfrûne wike de webside wer aardich updaten(wat is dat eins yn it Frysk?). Wy hawwe allinnich de teamyndielings fan de senioaren noch net, de kompetysje-yndielingen fan de jeugd(op A1 en F’kes nei), de trainingstiden en de leiders-trainersyndielingen by de jeugd.

Programma
Op
Voetbal.nl fûnen wy it earste programma ek al.
It sjocht der sa út:

21 aug, 14:30 Oudega 1 –  SDS 1

21 aug, 14:30 AVC 2 –  SDS 2
21 aug, 13:30 Oeverzwaluwen 4 –  SDS 5


24 aug, 18:45 Franeker SC A1 –  SDS A1


28 aug, 15:00 Makkum 1 – SDS 1

28 aug, 11:00 Bergum BCV Comb A2 – SDS A1


04 sep, 14:30 Heerenveense Boys 1 – SDS 1
04 sep, 12:00 NOK 2 – SDS 3

11 sep, 14:30 Harkemase Boys 2 – SDS 2

11 sep, 12:15 Balk A1 – SDS A1

Op Voetbal.nl steane dus allinnich noch mar de earste útwedstriden en gjin thúswedstriden. Of soe der dan noch keatst wurde?

WK-Bootcamp
Op freed 6 augustus sille de mannen fan it Wommelser Kampioenskip op trainingskamp. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

WK-ferslach?
Eltse tiisdei en freed hawwe hjir in ferslach fan it WK wat de jûns derfoar spile is. Ús ferslachjouwer lit it dit kear wat ôfwitte. Dat sil wol net wêze om ’t der dik wûn hat?

WK-ferslach!
Wêr ’t ferliezers binne binne lokkich genôch ek winners:

In ferslach fan it WK fan 19 juli 2010 

Ek ofrune moandei wie der wer in WK. Nei dat it earst lyke dat de opkomst beperkt weze soe koene der dochs noch twa moaie teams makke wurde. Der wie wat skrik by de feste participanten omdat der Pelotte wie yn Wommels en Jacok K hie oare drokte. Jacob hie sin yn in bakje chips en cola. Wat ek opfoel wie dat it fjild wol wer wat griener wurden is, mar it ek lyket as is der in clusterbom ontploft. Al binne der 3 ballen, der dan noch minsken binne die net tefreden binne. “Hy stuitert” ja lekker handich as net? Wat ferwachtsje oars fan in bal? Neist Arjen ek Gerlof Jan Hofstra mei skeenbeskermers fuotbalt. Sjoerd van B wer foar Andere Tijden Sport siet en dat der twa debutanten wiene.  

Yn totaal wiene der juster 14 man te baljen. Der wie in team yn it wyt en wat dan oerbliuwt is team Bonte Koe. Team Bonte Koe bestoen ut; Hendrik E, Gerlof Jan H, Jacob v W, Sjoerd R, Jildert en Remco v/d Werf (debutanten) en Willem W. Team Wyt bestoen ut; Sytse H, Sietse K. Arjen, Henk P, Mark P, Ate en Bram.  

In wedstriid het soms in grillig ferrin, somtiiden ek net. Oan it ein is der mar ien saak belangryk. Dat is de score. Tsjin oer 3 ballen op de latte en paal en in acrobatische aksje fan Hendrik stoenen in oantal goals fan team wyt. Der wiene minsken die bewere dat it yn de dubbele siifers run. De stan wie net conform de wedstriid. Team Bonte Koe hie wol in oantal goals ferstjinne. Foaral yn de counter wie it faak harren lest bal die krekt net oan kwam. Team wyt hie in oantal utspiele kansen mar it wie absoluut gjin gala foarstelling. Foaryn wie team wyt skerp en sakelik. It holp ek dat team Bonte Koe har leste man net sien meast lokkiche WK wedstriid fuotballe.  

At it foariche wike noch op de Afrika Cup lyke dan wie dit in leave wedstriid. Der wie in unlokkiche botsing tusken Willem en Bram. In spierke efter de knieschijf begon geande wei de wedstriid steeds mear te jokjen. Sorry Willem. Foar de rest gjin bloed sjoen dizze edisje.  

Nei in goed oere wiene beide teams oan it ein fan harren latijn. Ballen kwammen net mear oan of der waard net mear op draaft. De snelhied ferdwoen as snie foar de sinne ut it spul. De leste goal waard dit kear makke troch it team dat der it meast rjocht op hie. Tema wyt spande harren leste kreften oan om in goeie oanfal op de matte te lizzen. Troch 2 passes kwam Sietse fry foar de goal en wurke beheerst of. Klear.

Takom tongersdei wer WK.

En 6 augustus komt tichterby…..

BvB

Harsens derby (255)
Yn Denemarken is de kompetysje al wer folop oan de gong. Dizze keeper hat goed opletten tidens it WK yn Súd-Afrika. Hjir in échte “Greenie”: