SDS League: "Bote" oan kop!

"Hichtepunten" SDS-ledengearkomst
29 oktober 2015
Seleksjes sneon 31-10
29 oktober 2015

Foar de earste kear dogge Femke en Bauke Terpstra mei oan de SDS league en oan ’t no ta gie it noch net sa geweldich. Oan ’t dizze wike. Sy pakke de wykpriis en geane fan it 57e nei it 46e plak.

Ferline wike pakte “Bote Strikwerda” (Hendrik Engbrenghof) noch de wykpriis en no nimt hy ek noch de kopposysje oer fan “FC Theedebee” fan Teade de Boer. Noch efkes en hy nimt de hiele beurs…


Koach Hendrik mei syn “team”!

It kin dochs net tafallich wêze dat no ’t Feyenoord it knap docht dit ek rissultaat hat foar de Feyenoorders yn de SDS League. It kin yn elts gefal net komme fan harren ferstân fan fuotbal……….
Yn elts gefal stiet Durk Okkema (“FC DWOpke”) wer 2e en Dirk Stegenga (“Op naar de Coolsingel”) 3e.

“FC Bakvet” fan Halbe-Willem Overal stiet foar it earst dit seizoen net mear ûnderoan. Soe der fan ‘e wike nije spilers op syn jierdei krigen hawwe?
Dan is it miskien wat foar Ralph Wariman en Rudy Dijkstra om spilers oan Sinterklaas te freegjen, want dy steane no ûnderoan.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.