Hendrik de Jong wint SDS League!!

3 B junioren fan Littens komme nei SDS
5 juni 2003
Priiswinners SDS League!
5 juni 2003

Hendrik de Jong wie sawol op it fjild as yn ‘e SDS League net mear by te hâlden en wint mei “Van Grutingea FC” de SDS League!!
 
Sybren Wesselius gie as in “Witte Tornado” yn ‘e lêste wike noch oer “November Rain” fan Gerrit Terpstra.
 
“Fjoer en Wetter” fan Wichard Deinum wist de lêste wykpriis(syn 2e!!) noch efkes mei te pikken. Mei syn 43e plak dochs noch aardich ryker wurden dus.
 
Ferliezer fan ‘e wike wie wol dúdlik Tom Wijnia mei “Buffalo Tom. 13(!!) wiken hat der yn ‘e top 10 stien en yn ‘e lêste wike wurdt hy der noch útknikkere. Sa at syn heit seit: “dêr wurde je hurd fan”.
 
“Jari Litmanen 2” fan Britt Scheltema wie de winner yn ‘e lêste wike. Sy soarge der mei in flinke einspurt derfoar dat der dochs noch in frou yn ‘e top 10 stiet.
 
Marten Faber hat mei “Op naar de top” fertsjinne de “poedelpriis”wûn. Hy hat skoften ûnderoan stien.
 
Meinte Wesselius sil wol neitinke moatte foardat hy “het Linkerrijtje” wer oan it fuotballen kriget. Miskien dochs mear mei rjochts traine? 98e, mear siet der net yn.
 
Groetnis en oant de nije SDS League, Willem.
 
Hjir de einstân: wike 14