Ferslach SDS 2 fan ‘e coach

Nije stân SDS League
22 oktober 2003
Harm-Auke "matchwinner" by SDS seal 2
23 oktober 2003

-TOP’63 II  – SDS II  ( beker )  2- 4

 

It wie mar goed dat it sintsje der by wie yn Toppenhuzen, want fan it spul binne de  taskôgers ôfrûne sneon fuort net waarm wurden.

Underskatting fan de tsjinstander sit tusken de earen en as soks der ienkear ynslûpt is dat der mar dreech wei te krijen. Dochs hat soks grif wat te krijen hân mei de sportive prestaasjes yn dizze bekerwedstriid.

Yn elts gefal wie bynammen de earste helte fan SDS-kant net bêst ( ! ). In protte spilers sieten net yn ‘e wedstriid, hiene missers dy’t gewoanwei net makke wurde en sa kaam it, dat TOP troch harren tûke spits op in 2-0 foarsprong kaam. Lokkich makke Dennis koart foar it skoft der 1-2 fan mar de stimming yn ‘ e klaaiboks wie net geweldich : grutte stilte.

Nei de thee waard it allegearre in bytsje better en doe’t de tsjinstander wurch waard slagge it dochs noch him op ‘e knibbels te krijen. Troch goals fan Pieter en Skelte (2x) kaam de 2-4 einstân op it boerd en bekerje we troch.

 

No sneon spilet it twadde om 14.30 oere yn Easterein tsjin DESZ.
(Jan van Asselt)