Harkemase Boys 1 – SDS 1

SDS League: Wer 2 wykpriiswinners!
20 oktober 2011
Weppers freed 21-10
21 oktober 2011

Nei in rêststân fan 2-0 yn de Harkema kinne wy no melde dat SDS mei 4-1 ferlern hat fan Harkemase Boys.

Mei likefolle SDS-supporters oan de kant as oars by de thúswedstriden fan SDS wie it yn de earste helte ienrjochtingsferkear rjochting de goal fan SDS. It wie in gelok dat Jaap Toering in “Dyk” fan in wedstryd stie te keepen oars hienen de Boys fêst mear as 2 kear skoord yn de earste helte.

Yn de twadde helte kaam SDS wat mear op de helte fan de tsjinstanner, mar de Harekieten slaggen der dochs yn 2 kear te skoren. Foar SDS skoorde Tsjipke Okkema út in penalty.
Man fan de wedstryd wie dúdlik Jaap Toering.
Neffens de earste geruchten hat hy al in kontrakt tekene yn de Harkema……………………..

Op de webside fan Harkemase Boys stiet in útgebreid ferslach en op de webside fan Voetbalopzaterdag.com in lytsket.