Gjin fuotbal dus…..

Sneon 14-3-2020
13 maart 2020
Samar wat âld spul út 1996
16 maart 2020

Gjin fuotbal op sneon dus moast er oare ferdivedaasje socht wurde…….

Marc en Thymen


Marc en Thymen woene gewoan op it griene gers bij de famylje Hoekstra lekker tsjin in baltsje skoppe. Marc yn syn Barcelona sjurtsje en Thymen mei de sc Heerenveen trui oan.

Tom en Stan


Tom en Stan sochten harren heil bij Fifa 2020.  Se hiene fansels de SDS trainingsbroek oan

Willem


De Mik yn Wommels hat de Treffers fanôf 1998 allegear skand. It sjocht der prachtich út mar no moasten se mei wat hannelingen noch op de wepside. Krekt sa’n kluske foar Willem op sa’n ferlerne sneontemiddei om dêr in begjin mei te meitsjen. Sjoch hjir

Aant


It waar wie hiel lang hjerstich mar oan de spullen dy’t noch op souder fûn binne like it wol it foarjiersopromjen. Spesjale (jubileum) boekjes krije aansens in plak, lykas allegear nijsgjirrige kranteknipsels. Sjoch hjir 1997 bij 50 jierrich bestean

Efkes Ballers


De Efkes Ballers koene freed  net efkes balje en dus sochten se nei in mooglikheid om op sneon yn Wommels efkes te baljen ûnder in oare namme: Efkes net balje.
It koe net troch gean.
It gers is dêr suver langer as de lytste Efkes Baller…

Hopenlik begjint de gemeente moandei te meanen, sadat de jeugd yn dizze frije wiken noch efkes fatsoenlik tsjin in baltsje skoppe kinne dêr…