Gearwurking SDS en vv Scharnegoutum

Ek weppers tiisdei 14-6
13 juni 2016
Ek league nei 12 wedstriden
14 juni 2016

SDS en vv Scharnegoutum binne dizze wike oerien kommen om yn elts gefal foar ien jier gear te wurkjen mei de A-junioaren.

By Scharnegoutum binne der folgend seizoen 5 A-junioaren dy ’t net by Scharnegoutum yn de A’s fuotbalje kinne om ’t der net mear A-junioaren binne. Om ’t dizze jongens leaver noch net nei de senioaren gean is der nei in oplossing socht. Sy wolle wol graach nei SDS, mar nimme leaver gjin ôfskie fan vv Scharnegoutum. Dêrom is der foar in ST-konstruksje keazen. Dit betsjut dat SDS A1 folgend seizoen ST foar de namme stean krijt. ST stiet foar Samenwerkende Teams. De thúswedstriden binne gewoan yn Easterein en ek wurdt der yn Easterein traind. Ek wurdt der spile yn SDS-sjurts. De gearwurking is oangien foar in jier, mar sil evalueard wurde en sil mooglik yn de takomst faker gebrûk fan makke.

Om ’t SDS A1 folgend seizoen yn de Haadklasse útkomt koenen sy noch wol wat fersterking brûke en wy tinke dat dat op dizze manier knap slagge is.

Dêrneist is it moai dat Meint Hofstra folgend seizoen trainer wurdt by SDS A1. Hy hat TC3 en no ’t Scharnegoutum folgend seizoen gjin A-junioaren hat siet hy sûnder team. Meint hat oanjûn it hielendal sitten te sjen om folgend seizoen ST SDS A1 foar de Haadklasse te behâlden.

In ST-gearwurking hâldt fierder yn dat de A-junioaren fan Scharnegoutum lid bliuwe by Scharnegoutum en ek ynsetten wurde kin by oare teams fan Scharnegoutum. Sy krije as it ware “dispensaasje” om by SDS yn de A1 te fuotbaljen. It hat fierder gjin konsekwensjes foar promoasje-degradaasjeregelingen.