Ek weppers tiisdei 14-6

EK weppers moandei
12 juni 2016
Gearwurking SDS en vv Scharnegoutum
14 juni 2016

Nije trainer SDS A1
Nij lang sykjen is der dan eindelijk in trainer fûn foar de A1 fan folgend seizoen. Meint Hofstra fan Skearnegoutum wurdt de nije trainer. Meint Hofstra hat TC 3 en wie ferline seizoen trainer by Scharnegoutum A1.

Gearwurkje
By vv Scharnegoutum hawwe sy kommend seizoen net genôch A’s om in team gear te stallen. Dat betsjutte al dat der 5 jongens kieze moasten om nei de senioaren of nei in oare klup te gean. Dizze jongens wolle graach nei SDS en dêrop is beslúten om mei vv Scharnegoutum gear te wurkjen. Jûn mear hjir oer.

Kompetysje-yndieling?
By Mammoetstats hawwe sy alfêst neitocht oer hoe ’t de kompetysje yn de 3e-Klasse A der folgend seizoen útsjen giet foar SDS 1. Wat falt op?
-Heerenveense Boys spilet foar it earst sûnt de jierren ’90 wer yn de 3e-Klasse.
-Mooglik 13 klups ynstee fan 14
-Ien klup (Bant) út de polder
-Heeg is der wer by



Oerskriuwingen
Moarn is it de lêste dei dat it mooglik is om je oer te skriuwen fan de ienen nei de oare amateurklup. Wy binne benijd as der noch fuotballers op it lêste stuit fan klup feroarje.

Programma Eredivisie 2016-2017
It programma fan de Eredivisie foar folgend seizoen is klear. Klik hjir om it te sjen. Wat falt op:
-De Graafschap en FC Twente gean fierder as kombi-feriening
-Gjin sc Heerenveen – sc Cambuur
-sc Heerenveen start út tsjin AZ
-Feyenoord – Ajax op 23 oktober
-Bekerfinale op sneon 30 april

Nije Treffer
Yn de folgende Treffer sjogge wy werom op it ôfrûne seizoen. Wy kinne noch wol in pear seizoensferslachjes brûke lykas dy fan SDS 3,4,B1,C2,C3 en de F’kes.
Klim yn it toetsenboerd en mail je ferslachje foar kommende freed nei info@vv-sds.nl.

WK
Justerjûn wie der wer in WK yn Wommels. Normaal sprutsen soe der kommende tongersdei wer in edysje wêze, mar y.f.m. de Wommelser Feesten is de folgende edysje moandeitejûn.

Der moast juster blykber hiel wat rekt en strekt wurde.

De stân fan saken
Nei 10 fan de 51 wedstriden is dit de nije tuskenstân. De puntentelling is sa dat der bij in goeie útslach 5 punten bijskreaun wurde en bij in goeie toto ek 5. Maksimaal per wedstriid dus 10 punten. Totaal wiene der dus no 100 punten te fertsjinjen. Douwe Dirk en Marco hawwe deer 50…..

1 Douwe Dirk Reitsma Easterein 50
2 Marco Rijpkema Easterein 50
3 Bote Strikwerda Spannum 45
4 Skelte Anema Kûbaard 45
5 Jacob Klaas Haitsma Wommels 45
6 Tjeerd de Vries Wommels 45
7 Ate Feike de Boer Wommels 45
8 Aant Hofstra Wommels 40
9 Lolke Hofstra Wommels 40
10 Sjouke Yntema Dronryp 35
11 Hessel Yntema Dronryp 35
12 Lieuwe Jan Yntema Dronryp 35
13 Klaas Bouke Faber Grins 35
14 Seriette Strikwerda Spannum 35
15 Simon van der Vaart Spannum 35
16 Hendrik Eringa Spannum 35
17 Rick Hendriks Easterein 35
18 Tom en Pieter Wijnia Wommels 35
19 Pieter Kamstra Easterein 30
20 Willem Wijnia Wommels 30
21 Jelmer Posthumus Wommels 30
22 Johan Delfsma  Wommels 30
23 Tine Wiegers Reahûs 25
24 Stijn en Robert Wommels 25
25 Bas van der Weij Easterein 25
26 Danian Rijpkema Easterein 25
27 Foeke Reitsma Easterein 20
28 Jelle Wiersma Wommels 20
29 Jacob Hofstra Reahûs 15

Reade kaarten
Ek it oantal reade kaarten moast foarsein wurde en dat levert dit ûndersteande listje op. In oantal dielnimmers giet út fan 3 reade kaarten mar der is in pessimist: dy tink fan 15. En dan te witten dat er nei 10 wedstriden 0 direkte reade kaarten jûn binne.

totaal gemiddeld
3 0,06
3 0,06
3 0,06
3 0,06
4 0,08
4 0,08
4 0,08
4 0,08
4 0,08
5 0,10
5 0,10
5 0,10
5 0,10
6 0,12
6 0,12
7 0,14
7 0,14
8 0,16
8 0,16
8 0,16
8 0,16
8 0,16
9 0,18
10 0,20
11 0,22
12 0,24
14 0,27
14 0,27
15 0,29

Alderaardichst


Harsens derby (1724)
Buffon kin sa yn it sirkus……………