Futsal: SDS 2 is kampioen!
De sealfuotballers fan SDS 2 hawwe in prima prestaasje delsetten troch yn it 2e jier dat sy yn de seal bolje al kampioen te wurden yn de 2e Klasse. Fan Herte Lokwinske!!
De wedstryd woansdei tsjin Old Forward 2 yn Vledder kaam wat muoisum op gong. SDS kaam hieltiten foar mar Old Forward hie hjir al gau antwurd op. De 3-2 foarsprong krekt foar rust die de wedstryd brekken. Hjirnei kaam SDS net mear yn swirrichheden en wûn it de wedstryd úteinlik makkelijk mei 7-3.
Hjir it skoreferrin:
0-1 Pieter
1-1
1-2 Tseard H
2-2
2-3 Skelte
rust
2-4 Skelte
2-5 Skelte
2-6 Skelte
3-6
3-7 Feite