Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
23 mei 2006
Futsal:SDS 2 Kampioen!
25 mei 2006

Kampioen?
De sealfuotballers fan SDS 2 koenen justerjûn kampioen wurde. Wy binne benijd as dit slagge is. Mail nei
info@vv-sds.nl as je der mear fan witte.

Nei de Haadklasse!
It 1e sealteam fan SDS giet dochs nei de Haadklasse. Fan ‘e wike lei de brief fan de KNVB troch de doar mei it ferlossende wurd. De earste 6 fan ‘e kompetysje promovearden sowieso. SDS 1 waard 7e mar giet no dus ek troch.

Trainers SDS 2
It bestjoer hat bekind makke dat Remco Bervoets en Robert Hoekstra takem jier de trainers binne fan SDS 2. De adfertinsje op Voetbalnoord hat dus wol holpen.

Yn it Abe-Lenstra-stadion
Dizze mannen hawwe tiisdei foar de kameras fan Talpa fuotballe. Is ’t net in plaatsje? Hooplik kinne wy letter hjoed mear foto’s sjen litte.

Is ’t net in plaatsje?

Lêste wedstryd
Foar SDS A2 is dit seizoen it langst. Sneon spylje sy eindliks de lêste wedstryd. SDS A2 spilet sneon om 11.00 oere yn Stiens tsjin CSL.

De SDS WK League

It is safier!! Jim kinne jim ynskriuwe foar de SDS WK League. Klik
hjir om der alles oer te lêzen en it dielnimmersformulier del te heljen.