Freuledei-wepperkes

1 dei foar de Freule wepperkes
9 augustus 2004
Dei nei wepperke
12 augustus 2004

SDS 1 wint twadde oefenwedstriid
Wylst it spul op de Freueldei efkes stil lei, wie der tiid om oer it fuobaljen te praten. Sa as oer de oefenwedstriid fan SDS1 tsjin Balk1. SDS wûn mei 2-3 troch doelpunten fan Durk Yde, Henk en Harm (út strafskop)

Oefenwedstriid SDS 2 giet net troch
SDS 2 oefent tongersdei net tsjin Balk. Der binne te min spilers yn de B-seleksje en is net mooglik dat A-seleksje spilers meidogge. Sy moatte traine en freed al wer oefenje.

Beker
De feteranen binne net yndield yn de bekerkompetysje. Neffens bestjoerslid binne se wol opjûn. Der sil kontakt opnommen wurde mei de bûn. Altemets binne der gjinpoulewedstriden  mear by it bekertoernooi fan feteranen.

Keatsnijs
It lêste nijs fan it Freuelfjild is dat Wommels troch giet nei de twadde omloop mar dat Easterein dêr net yn slagge is. Dronryp wie te sterk. Foar Wommels kaam der yn de kwartfinale ek in ein oan de dei. Makkum wie te sterk.
Feiko Broersma fan Littens mocht it mei syn jonge bruorke Grietzen opnimme tsjin Wjelsryp. Dat levere 2 earsten op. Ek Geert Dijkstra fan Winsum kaam net oan de prizen ta. Mei syn maten stuiten sy op de 16 op Berltsum.