1 dei foar de Freule wepperkes

2 dagen foar de Freule-Wepperkes
9 augustus 2004
Freuledei-wepperkes
11 augustus 2004

Bewarnummer Treffer
Op dit stuit wurdt er hurd wurke oan de nije Treffer, mei dêryn alle alvetallen, yndielingen, kompetysjeporgramma’s en bekerprgramma’s. Ek ynformaasje fan it bestjoer sil dêryn ferskine. Nijs oer it kleanfûns en ek fan ús skeids in goed ferhaal oer kaarten, straffen en skorsingen.

Lieders frege
De yndielingen fan de jeugd hat noch in pear iepen plakjes, wat lieders oangiet. Spesjaal foar B2 dogge wy dizze oprop. Der wurde noch twa lieders frege ommei dizze jonges de kompetysje yn te gean. Efkes in tillefoantsje nei Jappie Wijnia kin in protte oplosse foar de jeugdkommissje. (332245).

Foto’s
Wy kinne wol wer ris wat nije foto’s brûke foar ús webside. Wy soenen it dan ek tige op priis stelle as minsken wat nije foto’s fan spilers maile wolle en natuerlik de nijste elftalfoto’s. Hawwe jimme oars noch leuke âlde foto’s lizzen dy ’t wat mei SDS te krijen hawwe, mail dy dan nei
info@vv-sds.nl.

In drege wike
Foar de spilers fan SDS 1 is it dizze wike in drege wike. Justerjûn trainden sy en jûn hawwe sy in oefenwedstriid tsjin Balk(út). Wonsdei mei sy op ‘e Freuledei efkes bekomme. Tongersdeitejûn wurdt der wer traint en freedtejûn hawwe sy in oefenwedstriid tsjin Burgum(ek út). Wat in gelok dat sy yn elts gefal moai waar treffe(?!).

Puntentelling nije SDS League.
De puntentelling is foar de nije SDS League wer wat feroare. Om jimme der wat oan wenne te litten kinne jimme it hjir alfêst besjen.
De puntentelling is als volgt: Doel. Verd. Mid. Aanv.
* Per gespeelde wedstrijd:          1       1      0      0
* Nul tegendoelpunten:              3       3      0      0
* Tegengoal(s):                      -1       -1      0      0
* Per assist:                            2       2      2      2
* Per gemaakt doelpunt:           6        5     4      3
* Per gewonnen wedstrijd:        3        3     3       3
* Per gewonnen wedstrijd:        1        1     1       1
* Per gele kaart:                    -1       -1    -1      -1
* Per rode kaart:                   -3        -3    -3     -3
* Eigen doelpunt                    -3        -3    -3     -3