Freedweppers

Goed-nijsweppers!
10 juni 2015
Efkes Balje
12 juni 2015

Efkes Balje
Ek it Efkes Baljen is dwaande mei it jieroersicht foar de Treffer en dêr heart fansels in foto bij. Dy wurdt jûn nommen, om healwei achten.  Dat is fansels spitich foar de lju dy’t er net binne, lykas Pieter de Boer dy’t omstreeks de selde tiid
hjir nei stiet te hearen en mei stiet te fluitsjen.

Jieroersicht
Lieders (of oaren) jimme  hawwe noch twa dagen om in jieroersicht yn te stjoeren fan jim team foar de kommende Treffer. Wol sa leuk foar letter.

Midsimmerkup
Sneon is yn Dronryp wer it Midsimmertoernooi. Fanôf 10.00 wurdt er wer striden op lytse fjildsjes. Grutte ôfwêzige is …..SDS. Mar der binne wol oare topploegen lykas Harkemase Boys en SneekWitZwart. It spylskema sjocht der
sa út.

Frouljusfuotbal
It
Wk foar frouenteams is op dit momint oan de gong yn Kanada. De wedstriden wurde spile op slieperstiid. Wij binne wol benijd at der ek froulju fan SDS  nei dizze wedstriden sjogge…live wol te ferstean. Of binne der ek mannen fan SDS dy’t de wekker sette. Mail ús, wij wolle it graach witte.

In mopke
In grapke falt soms net goed: De parsesjef fan de FIFA fertelde yn in praatprogramma in mopke: De foarsitter fan de FIFA, de Sikretaris Generaal en it Haad fan de Kommunikaasje sitte mei syn trijen yn de auto. Wa riidt er?
Antwurdt: de plysje.
Gefolch foar de moppentapper wie grut: ûntslach

Rock&Roll
Net elkenien kin der op Pinkpop bij wêze, dêrom hawwe se op sneon it
Rock&Roll Festival yn Frjentsjer.

Pinkpop
Wa ’t tiid oer hat stiet hjoed fansels op Pinkpop. Fannejûn om 19.15 oere sil Faith No More dêr spesjaal in “oade” bringe oan de dreech te berikken Sepp Blatter…..(klik hjir).

Harsens derby (1515)
“Tikkie werom, Jaap…………..!”