Goed-nijsweppers!

Weppers tiisdei 9-6
8 juni 2015
Freedweppers
11 juni 2015

Syb Overal nije wedstrydsekretaris
Syb Overal is ree fûn om wedstrydsekretaris by SDS te wurden. Hjir binne wy tige wiis mei. De kommende tiid sil hy mei Robert Schildkamp, Jappie Wijnia en Pieter de Boer om tafel om eksakt te sjen wat syn taken wurde.

Syb Overal sil eltsenien by SDS in waarm gefoel jaan!

Boudewijn Kramer trainer SDS 2
Boudewijn Kramer is ree fûn om folgend seizoen SDS 2 te trainen. Moai om te sjen dat in trainer fan binnen de klup dit oppakke wol. Hjir binne wy dan ek tige wiis mei.

Boudewijn lit SDS 2 fêst gean as in brommer!

Remco Bervoets trainer SDS A1
Remco Bervoets is ree fûn om folgend jier SDS A1 te trainen. Remco is al jierren trainer binnen SDS en kin dizze talintfolle lichting út de pinne. Wy hoopje dat hy se noch in stapke heger krije kin mei moaie rissultaten en klear foar de stap nei de senioaren. 
Ek hjir binne wy tige wiis mei.

Remco lit it de A’s fêst foar de wyn gean!

Luka van der Weg nei ONS-Sneek
As wy Facebook leauwe meie dan fuotballet Luka van der Weg fan D1 folgend seizoen by ONS-Sneek. Fansels fine wy it spitich dat Luka fuortgiet by SDS, mar wy hoopje dat hy by ONS noch better wurde sil en dat hy in hiele moaie fuotbalkarriëre krije sil. Fansels is hy altiten wolkom by SDS as it efkes wat oars rint.


Jesse de Vries ek nei ONS-Sneek
Jesse de Vries fan SDS F1 spile al sa no en dan by SC Cambuur en hat no besletten om folgend seizoen ek by ONS-Sneek fuotbaljen te gean. Wy hoopje dat it him dêr goed gean sil. Ek foar Jesse bliuwt de doar by SDS altiten wiid iepen stean.


Matthijs Postma nei FVC
Matthijs Postma fan SDS B1 giet folgend seizoen by FVC B1 yn de 2e-Divisie fuotbaljen. Wy hoopje dat hy it dêr nei de sin hawwe sil en noch better wurdt dan dat hy al is. Dan is hy mei trije jier fêst knipt foar FVC 1! Of SDS 1 fansels!

Opdat Matthijs mar krekt sa goed wurde mei as Daley Blind! Syn bruorke en suske hawwe der blyn fertrouen yn!

SC Heerenveen – MVV yn Easterein!
Juster hat it earste oerlis west oer de oefenwedstryd fan SC Heerenveen tsjin MVV op freed 17 july om 19.00 oere yn Easterein. Rekkenje der mar fêst op dat it ien grut feest wurdt!


Harsens derby (1514)
Sipke Hiemstra út Easterein betelle by de SDS-feiling in dik bedrach foar 1 minút boadskipje by Jumbo Kooistra yn Wommels. Op tiisdei 9 juny mocht hy mei soan Pytrik de winkel trochfleane. Dan moat de kop der wol by!


Sy hellen úteinlik foar €679,79 oan boadskippen op!