Freddy yn Liverpool!

Wepperkes -sneon-
3 februari 2006
Wepperkes -snein-
4 februari 2006


Treffer reporter Freddie Scheltema wurd ynterviewd troch ITV Six o Clock News. De ynterviewer fan it Ingelske RTL wol de miening witte fan dizze domme Fries oer de comeback fan ferlerne soan Robbie Fowler. De redelik ûntspannen SDS-er antwurdet dat it in goeie saak is dat “the legend” en “icon” werom is. Net allinnich foar Liverpool mar ek foar Fowler omdat syn karriêre doch in bytsje “down the drain” gie. De jonge sjoernalist freget at it net in probleem is dat Fowler al op leeftyd is. Jo reporter jout as repliek dat de spiler “just thirty” is en dat hij “still can have 5 good years at our club”. De Ingelske fersy fan Wilfred Genee knikt en bedankt mij foar it ynterview. Noch gjin 4 oeren letter sjogge 2 miljoen Britten  op fan harren itenspanne iI ûnnoazele “Dutchman and Liverpool fan” jout yn it seis oere sjoernaal syn miening oer de comeback fan Fowler. Mei in reade kleur sit ik foar de TV. 
Foto makke troch Peter Van Beelen foar de yngang fan Anfield Road oan de kant fan The Kop.

Yn it Liverpool museum
Kompleet happy sieten twa ûnnoazele Friezen yn Liverpools pub en museum “The Albert”. Wij hiene krekt de twa lêste kaartsjes neist mekoar kocht foar de wedstriid Liverpool – Birmingham. Tige bij tige tefreden sieten wij oan in pint. Dôchs seach ik wat ûnbestindich om my hinne. Wat wie it gefal. De foarige kear dat ik yn dit wahalla siet hie ik tsjin de eigner sein: At ik hjir wer kom dan wol ik wat efterlitte fan myn klup SDS. Ja, dat is best, sei de grauwe kroechbaas. En dit wie dus myn kans. De eigner seach dat ik socht om in moai plakje foar de SDS sjaal. In plakje wer dit SDS relikwy hingje koe. Sûnder te freegjen kaam it personiel mei in trep, hammer en spikers. De SDS sjaal gie foar ivich yn it Liverpool museum. Elts jier komme dêr hûnderttûzen minsken en alle fans sille nei it plafond sjen mei dêr sintraal oanwêzich de swart-wite SDS sjaal!

Fred is noch fan ‘e kaart.

Fred mei de SDS-sjaal foar syn favoriten.

De SDS-sjaal kriget in moai plakje.

Ek op ‘e kop stiet der SDS.

De sjaal moat al goed fêst, want it bliuwt fansels in collectors-item.

Werom nei hûs
Doe’t de twa ûnnoazele Liverpool supporters Van Beelen en Scheltema ôfrûne tongersdei op John Lennon Airport sieten te wachtsjen op de weromflecht seagen se Jan Kromkamp en syn moaie freondinne lâns kuierjen. Wij seagen mei grutte eagen nei de twa en it duorre mar even doe de bretaalste fan de twa (van Beelen) in gesprek begûn mei de nije rjochtsback fan Liverpool. De meast bescheidene (Scheltema) mong him geande wei ek yn it amusearre petear. Dit “ynterview” sil oer in pear wike yn de folgende Treffer stean. Mar wat sketst ús ferbazing? Yn de Telegraaf fan sneon hat Kromkamp in column. En wat skriuwt hij dêr….. 

“Vanwege het overvolle programma van Liverpool kregen we gister een dag vrij. Ik maakte van de mogelijkheid gebruik om donderdagmiddag naar Nederland te vliegen en merkte op de vlucht van Liverpool naar Amsterdam hoe groot mijn nieuwe club is. In het toestel zaten een paar Nederlandse Liverpool fans die aanwezig waren bij de wedstrijd Liverpool – Birmingham op woensdag (1-1). Als je op een ijskoude avond in februari naar Engeland vliegt om Liverpool aan het werk te zien, heb je echt een clubhart.”