Evenementen in november 2022

Wepperkes -freed-
2 februari 2006
Freddy yn Liverpool!
4 februari 2006

Traine of dochs oefenje
SDS 1 giet hjoed trainen(om 11.00 oere??) of miskien dochs oefenjen yn Easterein. As wy mear witte dan kinne jim it hjir lêze. SDS 1 soe earst oefenje tsjin ONT. ONT hat allinne ôfbelle y.f.m. te min minsken.

Wol traine
*De B-seleksje traint hjoed om 13.00 oere. De spilers fan it 2e binne wolkom mar fansels ek oaren dy ’t nocht hawwe om efkes te boljen.
*De A-junioaren traine ek om 13.00 oere.

Kantine is iepen
De kantine is fanmiddei fanôf 12.30 iepen om ien te keapjen.

Futsal: SDS 3 ûnderút
SDS 3 hat woansdei de derby tsjin Workum mei 4-1 ferlern. De ienige goal waard makke troch Pieter.

Fred foar Ingelske tillefysje
Krekt as bij Talpa wurde ek troch de BBC foarôfgeand oan de wedstryd, supporters ûnderfrege wat se der fan fine. Foar de wedstryd Liverpool tsjin Birmingham City pakten se de ûnderwilens wrâldferneamde Fred Scheltema der út. It bewiis dêrfan kinne jim
hjir sjen. De kommende wike hope wij noch in oantal bijdragen te krijen fan dizze geweldige reis.

Ferlingd
It bestjoer is der wer yn slagge om ek foar takem jier de trainer foar SDS 4 en SDS 5 fêst te lizzen. Sipke Hiemstra sil foar it safolste jier de ljochten oandwaan, de trainingen jaan, de hesjes útdiele, de ljochten wer útdwaan en der foar soargje dat hiel wat spilers in leuke jûn hawwe en ek noch wat leare.

Foo Fighters
Gerlof Veldstra(SDS 2) wie tiisdei net te trainen om ’t hy nei de Foo Fighters wie yn de Heineken Bierhal yn Amsterdam. Hy wie dêr om fan de musyk te genietsjen, te filmjen mei syn tillefoan(lis dat pake en beppe mar is út??) en te sjongen. Sjoch en lústerje
hjir hoe soks der útkomt te sjen. Op Gerlof syn webside stean noch mear fimkes fan ’t konsert(sjoch hjir).

Ku(ens)tgêrs
Feike Jorritsma makke ús noch efkes attent op in artikel dy ’t op Voetbalnoord stiet oer ku(ens)tgêrs. Klik hjir om it te lêzen. Op de webside fan de VVCS stiet der ek in hiel stik oer(klik hjir). Kuenstgêrs wol of net sil de kommende jierren noch wol in diskusjepunt bliuwe yn it fuotbal. Shota Arveladze(AZ) jout it best ús gefoel wer: “Ik vind dat kunstgras waar we heel misschien op gaan spelen maar niets. Het is als sex met een opblaaspop…”
Arjen Posthumus moat ek net folle fan kuenstgêrs hawwe. Hy rûn foarige wike 2e graads ferbrandingen op tsjin Nijlân op kuenstgêrs.

Oefenje?
ONT koe hjoed net tsjin SDS 1 oefenje om ’t sy te min man hawwe. Begryplik! Sjoch hjir mar.

 

Letter mear!