Flinke opbringst "lytse" SDS-feiling!

SDS-League: Anne en Dooitze pakke de titel!
16 mei 2016
Weppers Pinkstertiisdei
17 mei 2016

Sneontejûn waard der om wat jild binnen te heljen foar in moai stek om it nij oan te lizzen keunstgersfjild dit kear in “lytse” feiling hâlden. Wy kinne wol sizze dat dit tige slagge is. Feilingmaster Jelmer Posthumus slagge der yn om mar leafst €1650,- binnen te heljen!


Feilingmaster Jelmer Posthumus hie alles yn de macht!


Hjir de winners:

*Jelle de Jong wûn foar €120,- in prachtige Derbystar-bal mei alle handtekeningen fan spilers fan SDS 1.

*Jeroen Brouwer wûn foar €75,- in 12-badenkaart foar swimbad de Klomp en kin no moai mei de bern te swimmen.
Priis beskikber steld troch swimbad De Klomp.

*Johan Postma wûn foar €95,- it Bobskip fan it Greidhoek’ Festival. Oftewol hy mei him in jier lang Bopper neame, komt yn de Bob-100, krijt kaartsjes foar it Greidhoek’ Festival en mei freed nei de Bobjûn.
Beskikber steld troch it Greidhoek’ Festival

*Mark Postma wûn foar €240,- in waardebon by Autoschadeservice Van Krimpen.
Priis beskikber steld troch Autoschadeservice Van Krimpen.

*Henk Eringa wûn foar €80,- in wedstrydsponserskip by in thúswedstryd fan SDS.
Priis beskikber steld troch SDS.

*Enne Bruinsma wûn foar €350,- in fetsje bier yn de Jimbar.
Priis beskikber steld troch de Jimbar.

*Tjeerd Dijkstra wûn foar €480,- in dei te silen yn de boat fan Durk-Jorrit van der Eems foar 4-6 persoanen. Om ’t hy noch in dei silen tegoede hat fan de feiling fan ferline jier kinne sy der no in wykein fan meitsje.
Priis beskikber steld troch Van der Eems.

*Igor Kalinowski wûn namens SDS 4 foar €210,- de middenstip fan it haadfjild.
Priis beskikber steld troch SDS.

Al mei al €1650,- binnenhelle foar it nije stek!
Wy binne grutsk op jim!