SDS-League: Anne en Dooitze pakke de titel!

SDS-League: Anne en Dooitze pakke de titel!
16 mei 2016
Flinke opbringst "lytse" SDS-feiling!
16 mei 2016

Anne Brouwer (“JelmaFem”) en Dooitze Nauta (“As ik der by bin dan winne SDS 1 en 2 altiten”) pakke de titel yn de SDS-League!
Eltse wike skoden sy wol ien plakje of mear op en úteinlik duorre it seizoen eksakt lang genôch om op de lêste spyldei kampioen te wurden sûnder earder boppe-oan stien te hawwen.
Dit betsjut dat de nûmer 1 fan ferline wike, Gert-Jan Hessels mei “Geniet van het bier, Eeltje Postma” 4e wurden is en “De Coolsingel nog in zicht” fan Dirk Stegenga 3e wurden is.



En no de SDS-EK-Keunstgersleague winne!

De lêste wykpriis fan dit seizoen giet nei “FC OZZYhaas” fan Hendrik Eringa.

It is dizze edysje tige opfallend dat de teams yn de ûnderste helte fan de einstân mear wykprizen pakt hawwe dan de lju yn de boppeste helte.

Tom Wijnia hat mei “FC Winnaars” hast it de hiele tiid ûnderoan stien, mar op de lêste dei moat hy de poedelpriis ôfstean oan Feiko Broersma mei “GVR”.

It dielnamejild fan de SDS-League wurdt ynkoarten fan jim rekken ôfskreaun en it prizenjild wurdt oermakke.

Doch ynkoarten ek mei oan de SDS-EK-Keunstgersleague! It Nederlands alvetal docht net mei en sa kinne wy it dochs noch wat spannend meitsje foar ús sels. De opbringst giet nei it nije stek fan it keunstgersfjild.
Ynkoarten mear hjir oer.


Sjoch hjir foar de einstân:
wike 11.