“Feteranen”winne fan Mulier 2

SDS 1 pakt 3e periode
11 mei 2003
Bal fuort
12 mei 2003

Opfallende útslach dit wykein wie de 1-0 oerwinning fan SDS 3 op Mulier 2.

Mei tal fan ynfallers út it 4de  en 5de en mei in gemiddelde leeftyd fan hast 33 jier waard fûleindich striden om de winst.

Dat slagge, al rekken der it lêste kertier wol moai wat blêden fan de beammen, want hast alle ballen waarden sa fier mooglik fuort rost, sadat de 3 fjirtigers ek wer efkes op adem komme koene.

Sels Wouter Hielkema soarge net altyd mear foar in fuotballende oplossing.

Sjoerd van Beem stie as in liuw te kearen yn it doel en Frans Piter Terpstra skoorde.

Omdat it tempo sa heech lei (dat krije je mei sa’n jonge ploech) moast yn it skoft in oare skiedsrjochter fûn wurde want it wie net by te hâlden.

Enne en Stoffel fluiten beide in helte.