Bal fuort

“Feteranen”winne fan Mulier 2
12 mei 2003
Nije stân SDS League: wike 11
14 mei 2003

By SDS 3 waarden yn de wedstriid tsjin Mulier de ballen soms einen it fjild útjage. Mei opsetsin, om de 1-0 foarsprong te ferdigenjen.

Mulier skeat wol gauris op it doel, alteast dat besochten se. Ien kear waard de bal sa goed rekke, dat hy oer it doel, oer de nettenfanger en oer de beammen hinne gie.

Willem Twijnstra wie net te beroerd om de bal efkes op te heljen. Hy kaam nei in goed kertier werom…. sûnder bal.

“Fierstente te lang gers, net te finen”, sei Willem,

“Dan hoege wy dy ek net te freegjen foar de neisoarch”, wie Jan van Asselt syn konkluuzje