Nije stân SDS League

Nederlân nei Portugal??
22 oktober 2003
Ferslach SDS 2 fan ‘e coach
23 oktober 2003

Hjir de nije stân fan de SDS League. US Postal (R.O.) giet as in speer en giet fan it 3e nei it 1e plak. Hy hat krekt ien punt te min foar de wykskore.

De Voortzetting (S.K.O.) pakt dizze wike de wykskore mei 52 punten. Hy pakt hjirmei ek lyk hast 30 plakken (fan 53 nei 24).

Mukkes(M.H.) sakket dizze wike fan in 1e nei in 3e plakje en hâldt sa noch altiten sicht op it 1e plakje. Foar Knopper is in topper (BD) is dit wat minder. Hy sakket yniens fan 2 nei 9. It hie miskien skeelt at Knopper tsjin PSV gewoan skoort hie.

Ondanks dat Durk Okkema it grutte talint fan FC Twente Collins John opstelt hat (hy skoorde 3 kear it wykein) sakket hy dochs fan 15 nei 30. Miskien hie der dochs better Van der Vaart ynstee fan Sneijder fan Ajax opstelle kinnen.

FC Seedorf (GP) sjocht it net mear sitten en sakket wer nei it lêste plak.

Groetnis, Willem.

Hjir de nije stân:
wike 4