Weppers snein 16-12

Ut- en ferslaggen15-12
15 december 2012
Ferslach A.HAK-sealtoernoai D-pupillen
17 december 2012

Winterstop
En no is it dan echt winterstop. It fuotbaljen op it fjild is dien en de measte (jeugd)teams sille no de seal yn. It earste ynhelprogramma foar SDS 1 stiet op sneon 19 jannewaris. Foar SDS 2 is dat 26 jannewaris. De jeugd giet pas wer op sneon 2 maart los.

Sealtraine dizze wike

17 Maandag 17:00-18:00 2 / 3 F3/F4 Christiaan Plantinga
18 Dinsdag 16:45-17:45 3 / 3 D1 Wytze Lanting
20 Donderdag 17:00-18:00 3 / 3 A1 Wietse Fopma

Ferslaggen
Juster dochs noch in pear wedstriden dy’t trochgyngen. Op keunstgersfjilden. Fan C1 in
rom ferslach wêr’t in goed rissultaat helle waard nettsjinsteande de grutte trainingsefterstân.

A.HAK-sealtoernoai foar D-pupillen
Juster wie ek it A.HAK-sealtoernoai foar de D-pupillen. Moarn kinne jim hjir it útgebreide ferslach lêze fan Hans van der Schaar.


Nijjiersresepsje en snertrin
SDS organisearet ek begjin 2013 wer in nijjiersresepsje en in snertrin. Dit sil barre op sneon 5 jannewaris.

Moai jûntsje?
Wij tinke dat mannen as Jappie, Gert Jan en Harm Auke in moai SDS 5 jûntsje hân hawwe juster oan 22.25 oere ta. Doe skoarde der immen yn Nijmegen, wêrtroch PSV twa djoere punten ferlear.

Harsens derby(913)
Dat bedoele wy no! Harsens derby!!!