Feilingstikken SDS-jûn!

Slotmiddei – jûn jeugd
29 mei 2015
SDS-jûn grut súkses!!(updeet)
31 mei 2015

Feilingmaster Skelte Anema hat jûn alderaardichste feilingstikken te feilen!
Hy sil rûn in oer as 19.30 oere los.
Hjirûnder inkelde te feilen stikken. Ynmiddels sitte wy op sa ’n 35 feilingstikken.

Foar de feiling meitsje wy bekend wa ’t de SDS-League wûn hat en om 18.45 oere sil boargemaster Liemburg it winnende SDS-lot lûke!
It prizenjild kin dan wer moai brûkt foar de feiling!

Sykje mar fêst wat moais foar je sels út!
Of foar de frou!

SDS-feiling (1)
Frans Munsterman brocht juster noch in nijsgjirrich feilingstik binnen. In sa goed as nije faatwosker. Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €100,-


SDS-feiling (2)
Wa liket it net wat? Ien minút fergees boadskipje by de Jumbo Kooistra yn Wommels.
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €50,-


SDS-feiling (3)
Foat tarstige lju bied Jimbar Wommels in fust bier oan op te drinken yn de Jimbar.
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €100,-
Dat kin ek mei syn fjouweren fansels!


SDS-feiling (4)
Túnnoannimer Evert Tanja bied 8 oeren túnwurk oan foar de SDS-feiling. “Moai dast der bist jong!”
It earste bod fan €125,- is al binnen.
En út Spannum hawwe wy no in bod fan €150,-
Wa bied mear?
Biede mei fia
info@vv-sds.nl


SDS-feiling (5)
Johan Postma kin alles mei steigerhout en bied in prachtige duosit oan!
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €100,-


SDS-feiling (6)
It earste bod op de middenstip fan it nije keunstgers is binnen! €275!
Wa bied mear?
Biede mei fia
info@vv-sds.nl


SDS-feiling (7)
As de middenstip je te djoer is dan kinne je ek biede op ien fan de kornerflaggen.
Biede fanôf €25,- mei fia
info@vv-sds.nl
Wy hawwe al in bod binnen fan €75,-


SDS-feiling (8)
As de middenstip je te djoer is, de kornerflagge je te min dan kinne je ek biede op ien fan de penaltystippen c.q. -gebieten.
Biede fanôf €50,- mei fia
info@vv-sds.nl


SDS-feiling (9)
In dei te silen mei Durk-Jorrit van der Eems op it Iselmar!
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €100,-


SDS-feiling (10)
In jierabonnemint op it swimbad yn Wommels mei efentuele folchkaarten. Normaal sprutsen kostet dit al gau sa ’n €150,-
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €50,-


SDS-feiling (11)
In goedkeurd (neffens it NWWI) taksaasjerapport fan in hûs oanbean troch Makelaardij Huub Witteveen Schettens.
Normaal kostet dit sa ’n €450,-
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €225,-


SDS-feiling (12)
Der binne fêst famkes dy ’t it machtich liket om in middei de pony Hanette fan Nynke van der Eems te fersoargjen en der op te riden. Jongens meie efentueel ek anonym biede.
Biede mei fia
info@vv-sds.nl!


SDS-feiling (13)
In wurksjop pizza-bakken foar 8 persoanen oanbean troch Bakkerij Posthuma!
Normaal kostet dit sa ’n €17,50,- per persoan.
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €75,-


SDS-feiling (14)
In airco-check dwaan litte by Witteveen & Brouwer yn Easterein!
Normaal kostet dit sa ’n €117,50,-.
Biede mei fia
info@vv-sds.nl


SDS-feiling (15)
Keunstner Gepko Roggeveen út Easterein steld 3 prachtige skilderijen beskikber. Moarn kinne jim se foar de feiling yn it echt besjen.
Hjir kinne jim sjen foar oar wurk fan Gepko Roggeveen.
Biede mei fia
info@vv-sds.nl fanôf €50,-
Per stik fansels!



SDS-feiling (16)
Good-old Harm Stremler kin mear as goed fuotbalje. Hy makke in prachtige SDS-klok.
Nea wer te let op trainen!
Biede mei fia
info@vv-sds.nl!


SDS-feiling (17)
In machtichmoaie tillevysje fan 81 cm wurdt oanbean troch WD-SAT!
De muoite wurdich!
Sjoch
hjir mar ris!
Biede mei fia
info@vv-sds.nl!


SDS-feiling (18)
Henk Eringa fan rydskoalle NXXT út Easterein stelt 5 rydlessen beskikber.
Dat is top fansels!
Biede mei fia
info@vv-sds.nl!


SDS-feiling (19)
It Dielshûs Wommels steld 100 munten beskikber!
Dy binne te brûken mei dûnsjûnen, mar ek mei de mei de Freule!
Biede mei fia
info@vv-sds.nl!
IMG_9162

SDS-feiling (20)
De Eastereiner toer beklimme ûnder begelieding foar 4-6 persoanen. Dan kinne je it SDS-fjild moai fanút de loft besjen. Moarn kinne jim hjir op biede.


SDS-feiling (21)
Master Jan Strikwerda hat in prachtich skilderij makke fan Easterein. Moarn kinne jim it foar de feiling al besjen.

SDS-feiling (22)
Autoschade Van Krimpen komt mei 2 nijsgjirrige kavels:
– de auto of motor spuitsje litte t.w.f. €250,-
– folledich skjimeitsjen fan yn- en ekterieur fan de auto (showroom-klear meitsje)

SDS-feiling (23)
Sawol VIP-plakken as 2 plakken yn de Skyboks by in wedstryd fan SC Heerenveen.

SDS-feiling (24)
Diplomeard ynterieurûntwerpster Janet Wiersma bied in ynterieurûntwerp oan foar ien keamer.


SDS-feiling (25)
Wa wol der net in prachtige antike 19e-ieuwske brânkast?
Hy stiet by ús op de feiling en rekkenje der mar op dat der in bult jild wurdich is.


De rest wat komt is in ferrassing!