SDS-jûn grut súkses!!(updeet)

Feilingstikken SDS-jûn!
29 mei 2015
Útslach SDS-ferlotting!
2 juni 2015

De SDS-barbekjoe, de SDS-ferlotting, it Draaiend Rad, lekker rocke mei de SDS-band Crued én de SDS-feiling wienen juster ien grut súkses!
Mar leafst 150 lju dienen mei oan de barbekjoe!
Mei de feiling wienen der miskien wol mear as 250 lju yn de kantine!
De feiling brocht mar leafst sa ’n €9000,- op!!
Der binne úteinlik sa ’n 2400 lotten ferkocht foar de SDS-lotterij wat betsjut dat wy sawiesa sa ’n €18.000,- oerhâlde.
De winner fan de 2e priis, Geertje Posthuma, hat ús witte litten dat SDS de €1500,- hâlde mei!!
Dêr binne wy tige wiis mei!

No it bierjild noch efkes telle en dan sille wy ein fan ‘e wike ris sjen wêr ’t wy stean!
It soe samar kinne dat wy de €30.000,- oantikje!
Dat soe machtich wêze!

Allegear tige by tige!

Wy foenen it machtich!

Wat wie feilingmaster Skelte goed!

Sûnder jim kinne wy neat!

De foto’s fan Hendrik Jellema steane op Holleboek en op syn eigen webside!

De winners fan de feilingstikken kinne kontakt opnimme mei Douwe-Dirk Reitsma foar de fierdere ôfhandeling.

Boargemaster Liemburg hat sneon de ferlotting dien en kaam mei dizze priiswinners:
Haadpriis: Sijtze Bouma (€3000,-)!!
2e priis: Geertje Posthuma (€1500,-)
3e priis: Henk Postma (€500,-)

4e priis: T. Engelsma (SDS-trainingspak)
5e priis: Michiel Zuidema (SDS-trainingspak)
6e priis: Geert Dijkstra (Winsum) (SDS-tas)
7e priis: Enno Bruinsma (SDS-hoodie)
8e priis: Hieke van der Ploeg (SDS-sweater)
9e priis: S. Wiersma (Itens) (SDS-sjaal)
10e priis: R.H. Altenburg (Reahûs) (SDS-sjaal)

Wy sille sa gau mooglik kontakt opnimme mei de priiswinners.
It prizenjild sil ein fan de wike oermakke wurde!
















Foto’s binne fan Hendrik Jellema.