Dûbelgangers!

Programma SDS 1 is bekend.
26 juli 2005
Wepperkes -woansdei-
27 juli 2005

Der binne minsken dy ’t sizze dat eltsenien in dûbelganger hat. Ik leauw dêr net sa yn, mar koe dochs 3 goeie foarbielden fine.
Dit binne se:
 
Aant 1 en Aant 2.
 
Willem 1 en Willem 2.
 
Ozzy 1 en Ozzy 2.

De gelikenissen binne grut tusken dizze persoanen mar ferskil is der te sjen.

Foarige wike kaam ús in foto ûnder eagen fan in teamfoto fan De Graafschap út de 50 ‘er jieren. Hjir like dúdlik in âld-SDS’er op te stean. It ûnderskrift leart ús dat it om in Harry Jansen giet. Dizze namme komt ús allinne net bekend foar. Dizze man liket as 2 druppels wetter op Tsjomme Wijnia. Sjoch sels!

De man rjochts efteryn. 

Op dizze âlde foto fan SDS 2 stiet ek Tsjomme rjochtsefteryn…………………..