Wepperkes -woansdei-

Dûbelgangers!
27 juli 2005
Kompetysje-yndielings senioaren.
28 juli 2005

De Jongfeinten-partij
Yn Easterein sille sy al oan ‘e gong wêze mei de 2e omloop fan de Jongfeintenpartij. Wy kinne jimme melde dat Easterein 1 en 2 beide trochbinne nei de 2e list. Sy wûnen fan Makkum 1 en 2. Wommels keatste de 1e omrin tsjin Witmarsum 2. Wy witte net hoe ’t dit ôfrûn is.
Letter mear.

Inkele oeren letter…..
De jongefeinten hawwe harren partij útkeatst en wy moatte dochs wol fêststellen dat de SDS-ers tige suksesfol wiene op harren eigen fjild. Easterein 1 mei Marten, Dirk Yde en Pytrik gyngen mei de tredde priis nei hûs en Kees, Erik en Redmer wisten de twadde priis nei Wommels te bringen.
Easterein 2 mei Tsjipke en Bauke(tegeare) waarden yn de 2e omrin ferslein troch Sint-Anne.
Wytmarsum waard earste. Fotos binne no al te finen op dizze en letter jûn op dy side.

Foarbereiding B-seleksje
De A-seleskje begjin tiisdei 2 augustus alwer te trainen. De B-seleksje hat dan noch in wike om by te kommen. Sy begjinne op tiisdei 9 augustus. De spilers fan de B-selsksje hawwe fan ‘e wike allegear in briefke krigen. Sy kinne hjir klikke om te sjen hoe ’t it oefenprogramma derút sjocht. Wy hoopje ek binnenkoart de kompetysje-yndieling te hawwen. 

Beste John
Yn 1980 wie Leo Beenhakker coach by Ajax. Hy hie yn de simmerstop te meitsjen mei de blessearde Johnny Hulshuijsen(wa kent him noch?). Dit wie in grut talint en Leo Beenhakker woe him der nei de simmer wer graach by hawwe. Dizze brief krige Johnny Holshuijsen yn ‘e simmer(klik hjir)
Bron: www.degoeieouwetijd.nl

Kompetysje-yndielings
Alle kompetysje-yndielings SDS binne sûnt fannejûn by ús bekend. Moarn kinne jimme sy hjir hooplik allegear besjen.

Nijs
Mail it nei info@vv-sds.nl!