Douwe Kool de nije Jamaï?

Ferskaat nijs
8 oktober 2003
Better waar sneon
8 oktober 2003

Douwe Kool kin sneon net fuotbalje. Dit sei er tsjin trainer Robert Hoekstra. Robert wie net bliid fansels want hy kin einliks syn spits net misse. Ek de spilers fan de A’s sille him misse ûnder de brûs.


Douwe moat sneon nei Zwolle. Hjir treed der op foar IDOLS (inkelen nimme it ek wol IKOLS). Hy is opjûn troch 2 froulju. Sy woenen hun “idool” wol dele mei de rest fan Nederlân. Wat de spilers fan de A’s allang witte, is dat Douwe neist syn fuotbaljende kwaliteiten ek noch sjongerstalint hat. Nei it fuotbaljen lit der dit wol gauris heare ûnder de brûs. Sneon sil der besykje Robbie Williams te evenaren en dêrnei sil er Jamai ek noch efkes de gek oan stekke.

At Douwe it oar jier ús nije idol is dan sil it wol drok wurde op ’e Skoalleseize mei al die fans. In soad sukses tawinske en we heare letter wol hoe it ôfrûn is.
 Wat sille sy fan Douwe fine?