De nije SDS-League!

Programma sneon 7-2
7 februari 2015
Weppers snein 8-2
7 februari 2015

De transferperioade sit der werop en dat betsjut dat wy wer los kinne mei in nije SDS-League.
De nije spilerslist kinne jim hjir en hjir fine.


De útlis en de puntentelling foar de twadde helte fan it seizoen 2014/2015 kinne jim
hjir fine.

Jim team moat no ynlevere wurde foar
sneon 14 febrewaris foar 19.00!

Mochten jim noch foutsjes ontdekke yn de nije spilerslist mail it dan efkes nei
sdsleague@vv-sds.nl.
(wy meitsje de list mei help fan
Voetbalmanager.nl)


As je oan de earste helte meidien hawwe dan dogge je automatysk mei oan de twadde helte.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.

De kosten binne €12,50 per seizoenshelte.

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

Durk Okkema, Sjaardaleane 7, 8734 HP Easterein
of
by

Willem Wijnia, De Homeie 27, 8731 EC Wommels.


Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl


De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside en eltse tongersdei hinget de nijste stân
yn ‘e fuotbalkantine.