Programma sneon 7-2

Weppers en seleksjes
6 februari 2015
De nije SDS-League!
7 februari 2015

Giet net troch

De wedstrijden kunnen niet doorgaan i.v.m. bevroren en besneeuwde velden.
Dat betsjut dat de wedstriden SDS A1 – Sint Anne A1 en SDS 1 – Mulier 1 hjoed net trochgean.

Giet wol troch!
It soe moai wêze at jim fannemiddei manmachtich nei de kantine komme om te klaverjassen. Betûftens, gesellichheid en lekkere fleisprizen en dat allegear foar it grutte doel dit jier: jild foar it keunstgers. It begjint om 15.00 en de ynlis is €2,50. Der wurde 3 boomkes kaarten.



Giet ek net troch!
SDS 1 soe hjoed nei Frjentsjer om dêr te oefenjen tsjin Rijperkerk 1.
It fjild fan Rijperkerk is ynmiddels ôfkeurd, dus dat betsjut dat Rijperkerk net foar de kompetysje hoecht tsjin Zeerobben.
Om 12.15 komme wy der efter dat ek op it keunstgers fan Frjentsjer net fuotballe wurde kin.

Giet ek net troch (2)
SDS 2 moat hjoed eins foar it earst wer los. Foar harren stiet in útwedstryd op it programma tsjin DWP 2. Om 12.30 krije wy troch dat dat ek net troch giet.


Giet troch!
Wy binne noch drok dwaande om it nije formulier fa de SDS League klear te krijen. Hjoed sil it klear wêze. Jim kinne it dan hjir besjen. Jim kinne ek nei de kantine komme om se dêr yn te fullen. Sy moatte ynlevere wurde foar sneon 14 febrewaris 19.00 oere.