Weppers snein 8-2

De nije SDS-League!
7 februari 2015
Keunstgers foar SDS! (3)
8 februari 2015

B1

Inne Heerma moast juster fuotbalje mei B1 tsjin ONT B1. Heit Johan wie ek mei en kundige  al oan dat der in wepkam hong. Mem Gida siet 1.5 oere wat grieperich efter de PC om ek mar ien glimk op te fangen fan harren mantsjes.

Klaverjasse
Juster wie der klaverjassen yn de kantine omdat it fuotbal net troch gie. Der diene 16 man/frou mei.
1e priis Enno Bruinsma 5674 pnt.
2e priis Harm Bergsma 5192 pnt
3e priis Gerke Jellema 5037 pnt
4e priis Geert Dijkstra 5029 pnt

De poedelpriis is foar Annie Sjaarda.

Twa kear wûn!
SDS E3 moast juster te sealfuotbaljen yn Ljouwert. Sy moasten twa kear fuotbalje. Spitich genôch wienen der gjin tsjinstanners……….. Dus twa kear mei 3-0 wûn en noch efkes lekker oefene tsjin in team wat der wol wie.

Lêste optreden
Hjoed om 16.00 oere spilet de yn Easterein wrâldferneamde band Special Treatmint foar it lêst. Om 16.00 oere yn Noflik geane se noch ien kear troch harren reportoire hinne. Sjoch
hjir.

SDS League!
Jim hawwe mar ien wike om in team foar de SDS League te meitsjen. Dat liket ús mei dit waar wol genôch. Graach ynleverje foar sneon 14 febrewaris 19.00 oere. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

Harsens derby (1428)
Ho!