De echte nummer 14

SDS A1 en B1 winne
30 november 2003
Pier Faber 40 jier troud
1 december 2003

Sa’t wy ferline wike al skreaunen wie Willem Wijnia de 14de man fan SDS tsjin Bolswardia. Dat hy dêr net bliid mei wie koene jim lêze yn de wepperkes fan ferline wike.

Willem soe Willem net wêze dat hy dêr op yn spile. Sneon nei ôfrin yn de kantine wie hy de ienige dy’t noch yn in wyt sjurt omstappe doarst. Hy wie dan ek de man fan de wedstriid wurden.

Fansels it nummer dat hy droech wie….14 . Troch it hier is it net hielendal goed te sjen mar syn favorite drankje liket gincola te wêzen.