De dea of de gladiolen

Wepperkes -sneon-
25 februari 2006
SDS 1 ferliest spilers en punten
25 februari 2006

De dea of de gladiolen dat wie it tema fan de earste spullenjûn SDS organisearre troch de aktiviteitenkommisje fan SDS.
20 kaarters, 9 kolonisten en 5 yatzeers wiene ôfreizge nei de Skoalleseize. Wêrûnder freonen fan SDS, sponsoren, takomstige freonen, belangstellenden en leden. Jong en âld wie fertsjintwurdige.

 
Wurdfierder Geert Hiemstra die it wolkomswurd en dêr hie der earst wol efkes oer nei tocht. Hoe der krekt spile wurde moast bij it kaarten dêroer die hij gjin útlittingen

Dat joech Poko Wijnia de gelegenheid om foar te stellen de “wommelser variant ” te spyljen mar tsjin de mearderheid fan Eastereinders slagge dat net. Allinne de Hinnaarders en Wommelsers stimden foar.

Prachtich fansels dat ek wat junioren meidiene; sij spilen de kolonisten fan Katan. En trainers en lieders: de jongelju wiene allegear op tiid nei hûs en sieten oan de kofje, alteast dy bekertsjes stiene op tafel


Foar de netkenners: in leech boerd sjocht er sa út.


Jeroen Brouwer wie ree fûn om bij de froulju efkes te yatzeen om sa de gong der wat yn te hâlden. Nei in oere leine se goed op tiidskema  en koe Jeroen stoppe.


Willem Rienstra en Eddy de Boer lieten harre net kiste troch Meinte en Trinus. Sij wûnen dizze pot.


Bouma en Bruinsma setten Petra Rienstra en Auke de Jager maklik oan de kant


Popko Wijnia en Willem Rienstra hiene stevige tsjinstanners: Petra Rienstra en Jan Rispens. Dizze lêste prestearde it sûnder opkleurjen mei in keale nel te spyljen, der gelyk mei op te kommen en ek noch genôch punten te heljen. Dat hege nivo wie efkes wennen foar de tsjinstanners mar ek foar de ploechgenoat.


De striid siet er goed healwei tolven op en de organisaasje hold koart berie oer de priisútrikking.


Eke Sijbesma en Dukke van der Wey sleepten de fleisprizen bij it yatzeen binnen.

 
En Steffen Bruinsma kaam moai op tiid thús mei in rollade, want hij wist û.o. de king of Catan 2006 Dirk Yde en Marten Faber te ferslaan.


Sipke Hiemstra, krekt werom fan wintersport en de hiele wike oan it hertefleis west , kin moarn wer gewoan in lekkere rollade fan Bouma oansnije. Hij waard glorieus winner.


Grutte bliidskip wie der ek bij Chris Houtsma. Hij wûn de tredde priis bij it kaarten.

Utslach kaarten:
1. Sipke Hiemstra             6906
2. Harm Bergsma              6559
3. Chris Houtsma              6039
4. Willem Rienstra             5545
5. Anne Brouwer              5494
6. Immie Kamstra             5413
7. Annemarie Wijnia         5222
8. Enne Bruinsma             5050
9. Eddy de Boer               5030
10. Auke de Jager            4691
en de folgende spilers diene ek mei:
Trienus de Jong, U.Bouma, Jan Rispens, Boukje Bruinsma, Petra Rienstra, Jan Kamstra, Popko Wijnia, Aant Hofstra, Meinte Wesselius en Roel Sijbesma. Mar sij fûnen de dea yn de pot.