De dea of de gladiolen
25 februari 2006Wepperkes -moandei-
27 februari 2006SDS 1 moast sneon nei it “fiere” Grins om tsjin ien fan de pleatslike favoriten oan te treden. Cvv Oranje Nassau wiene de gasthearen. en dizze ploech docht mei om de titel.
In foto en wedstryd ferslach.
0-0, sa begjint de wedstryd meast en SDS hoopte dat nei 90 minuten dizze 0-0 der noch stie.
Feite fleach flak foar de kamera lâns en wie foar ús net te missen.
Marcel Franekena hie it wer drok mei it koachen en hie amper tiid om wat op te skriuwen.
Nei noch gjin 10 minuten waard Harm út de wedstryd skopt troch in flinke traap op syn inkel. Fierders wie it in sportive wedstryd.
Arjan Posthumus moast yn sân hasten opwarme wurde….
….want Harm koe perfoarst net fierder en strompele sichtber teloarsteld it fjild ôf.
Ek de trainer en lieders fan ON hiene it kâld en koene mar ien kear omheechspringe foar de thee, want harren klup kaam út in korner op 1-0 nei sa’n 14 minuten.
Yn it skoft ynspektearde bestjoerslid Eddy de Boer de kwaliteit fan de kuenstfesel. Hij wie ferrast troch de hege kwaliteit. Mei twa bûsenfol gers is hij letter yn Easterein oankommen.
Mark Postma hie syn bekkie wer op it ferkearde plak en de skeids socht op lêst dochs mar nei de kaart. Giel en dus oare wike skorst.
Ek Floris Hiemstra helle de ein fan de wedstryd net. Nei sa’n 25 minuten yn de twadde helte doe’t it noch 1-0 stie en SDS hieltyd better yn de wedstryd kaam, krige hij wer lêst fan syn heup.
. A-junior Feiko Broersma mocht wol waarmrinne mar hoechde der krekt net yn te kommen.
De wedstryd waard yn de lêste 15 minuten beslist troch in snelle útfal fan ON. De 3-0 foel hast yn it einsinjaal fan de jonge skiedsrjochter dy’t goed fluite.
De beide trainers prate efkes nei en kamen ta de konkluuzje dat ON net beste spile mar gewoan fierder is as SDS.
En om goed healwei 6 oere koe Anne Brouwer syn spullen wer ynlade en hold er wer romte oer want de punten giene al wer net mei nei Easterein.