Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
24 februari 2006
De dea of de gladiolen
25 februari 2006

Ôflast
It hat fannacht aardich fêrzen en dêrtroch wurdt der hjoed net folle fuotballe. Alle wedstriden yn Easterein binne ôflast en de wedstriden fan SDS 2(yn Stjinwyk) en SDS C1(yn Makkum) geane net troch.

Net ôflast
De wedstriid fan SDS 1 tsjin ON Grins giet gewoan troch. Wij hawwe der in eigen kameraploech hinne stjoerd en jim kin jûn letter sjen wat dêr fan it resultaat wurden is. De einstân wie 3-0

SDS A2
Wy wiene benijd as de wedstryd fan A2 ek trochgien is. Steffen Bruinsma jout oan dat de wedstryd net trochgien is. Elkenien stie klear doe’t Wikje foar de wissichheid dochs mar efkes skille nei Burgum. Yndie it gie net troch. De Jumboboys wiene al únderweis nei Wommels

Spullenjûn

Sipke Hiemstra, Eke Sijbesma en Steffen Bruinsma wiene de earste priis winners fan de spullenjûn. Letter hjoed in byldferslach fan dizze tige slagge jûn.

Thús oan de slach
Foar in lieder is in ôflasting soms ek in ramp. Net nei it fjild, net nei de kantine mar thús oan de slach. C1 wer ôflast. Sjoch hjir.


Hawwe jim noch nijs, mail it nei ús!

Letter mear!