Beste Willem,

Klaas Okkema slûpt topskoorderslist binnen
23 september 2003
SDS League in wike letter
25 september 2003

Beste Willem,

Wylsto lekker yn dyn koarte broek yn de sinne sitst, sitte wy hjir wat te ferrekken mei in hurde noardeasten wyn. Gelokkich wie der woansdeitejûn sealfuotbal en koe ik de lijte en de waarmte efkes opsykje yn de sporthal yn Easterein. Ik hie my foarnommen om te sjen at it sealfuotbal team sûnder in Wommelser koe. No jong, ik kin dy sizze dat foel my net mei. De earste helte koest gewoan fernimme dat er wat miste yn de ploech. Dy jonge út Mantgum dy’t dy ferfong  die it prima mar dochs.

It wie by it skoft 1-1 en wy (dat wiene Durk, Bas, Oebele en ik) holden ús hert fêst.

Mar gelokkich yn de twadde helte krige men yn de gaten dat er mear te heljen wie as in gelykspul. 7 doelpunten foelen der noch foar SDS en dat klinkt wat sneu foar dy, se rêden it prima sûnder dy.  Peter skoorde 3 kear, Feite 1 kear Harm 2 kear en Skelte ek twa kear.

De fraach wie fansels wol at de skore ek heger útfallen wie asto der west hiest. Wy (it publyk) tinke fan net, Willem de coach tocht it ek net en de spilers joegen  diplomatyk gjin antwurd.

Ik moast dy de groeten noch efkes dwaan fan de ploech, en ek fan Willem Twijnstra. Hy sil goed op de fotokamera passe.

In hertlike groet (ek oan Richt)

Aant