Beker: SDS 1 – De Wâlde 1

Weppers tiisdei 14-10
14 oktober 2014
Weppers woansdei 15-10
15 oktober 2014

Kommende sneon spilet SDS 1 om 14.30 yn de earste Knock-outronde fan de beker thús tsjin 2e-Klasser De Wâlde 1.
De tagong is fergees!
Wol is der by de yngong in programmaboekje te krijen en kin der meidwaan wurde oan de ferlotting.

De lêste kear as SDS 1 yn de 1e K.O.-ronde fan de beker kaam moasten sy út tsjin Harkemase Boys. Dit wie op 20 oktober 2011. Dit ferlear SDS 1 mei 4-1.

Yn 2009-2010 kaam SDS 1 oan ’t de twadde ronde fan de beker. SDS wûn doe de earste ronde út fan Marrum mei 1-0. Yn de twadde ronde gienen sy mei 3-1 ûnderút yn Emmeloord tsjin Flevo Boys 1.

Dêrfoar kaam SDS 1 jierren net troch de earste pouleronde en moatte wy werom oan ’t it seizoen 2003-2004 dat SDS de foarrondes al oerlibbe. It gie doe yn de twadde ronde úteinlik ûnderút tsjin DIO-Oosterwolde.

De Wâlde is foarich jier as kampioen promofeare út de 3e-Klasse nei de 2e-Klasse. Sy steane op dit momint op in 12e plakje.

SDS 1 en De Wâlde 1 hawwe dus foarich jier ek tsjin elkoar fuotballe. Thús ferlear SDS 1 mei 3-1. Út waard mei 3-2 ferlern.
Yn de foarronde fan de beker spile De Wâlde 1-1 tsjin ONT, wûnen sy mei 3-1 fan Oudehaske en mei 1-0 fan DWP.

SDS 1 liket foar sneon in frij komplete en fitte seleksje te hawwen. Allinnich Jelmer Posthumus, Skelte Anema en Tsjipke Okkema binne der net troch oare ferplichtingen.