Weppers tiisdei 14-10

Meinte Sixma-toernoai
13 oktober 2014
Beker: SDS 1 – De Wâlde 1
14 oktober 2014

SDS 1 oefent jûn tsjin Hardegarijp 1
Vertrek 18.30
Voetballen 20.00
Jaap, Ewout, Jacob Klaas, Feiko, Elger, Bauke, Kristiaan, Wytze, Teun, Erik, Hendrik, Lourens, Dirk, Harm en Dirk-Yde.


Mini league traint net op woansdei
Yn ferbân mei it Meinte Sixma toernoai kommende woansdei te middei wurdt der jûns net traint troch de spilers út de mini league. 
Gr. Luuk v/d Schaar

De A’s mei it twadde
De A’s die hjoed traine wolle/kinne binne fanof 20.00 oere wolkom bij de training fan ’t 2e. 
Boudewijn. 

Noch op bêd……
Ôfrûne sneon soe in skiedsrjochter fan de KNVB SDS B1 – SWZ B2 fluitsje. Freed wie der al kontakt west mei de skiedsrjochter, want hy moast sneontemoarns út Wommels weihelle wurde, want dêr kaam hy mei de bus. Johan Heerma stie dan ek moai op ‘e tiid op ‘e Terp te wachtsjen, mar al wat kaam gjin skiedsrjochter. Nei meardere keren de skiedsrjochter belle te hawwen kaam der eindelijk lûd. De beste man lei noch op bêd en koe net mear op ‘e tiid yn Easterein komme om te fluitsjen……. Douwe-Dirk Reitsma strûpte him dêrop gau om en fluite de wedstryd. Sjapoo!  

Beker: SDS 1 – De Wâlde 1
Sneon spilet SDS 1 foar de beker thús tsjin De Wâlde. It is in skoft lyn dat SDS foar it lêst thús bekere hat yn in twadde ronde. Moarn mear oer dizze wedstryd.


Harsens derby(1354)
Lyts flaterke nei de 2-0…….