Befrijdingsweppers 2022

Sneon reuny âld-SDS 1 kampioen 1979-1980
4 mei 2022
SDS-fuotbalplaatsjesaksje by Jumbo-Kooistra yn Wommels
5 mei 2022

Lytse poppe!

Us skriuwster Tryntsje Bouma en Sjoerd Teake Kooistra binne op de 15e fan de gersmoanne(april) de grutske heit en mem wurden fan Suze Tine. Fan herte lokwinske!
Wolle jo in kaartsje stjoere dan kin dat nei:
Tryntsje, Sjoerd-Teake en Suze
Gabbemastraat 21,
8701 EE Boalsert

Sneon 7 maaie

SDS JO15-2

SDS JO15-2 stiet boppe-oan en hat sneon in drege pot. Sy spylje om 10.00 oere thús tsjin nûmer 3 Sint-Anna Parochie. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Befrijdingsdei

Y.f.m. Befrijdingsdei is der jûn sawisa gjin trainen foar de JO19, SDS 1 en 2.

Op=op

Der binne noch wat SDS-klean te krijen foar in spotpriiske. Wolle je wat hawwe nim dan kontakt op mei Bauke de Boer: 0629892380Hjir kinne jim sjen wat der noch te krijen is:

SDS look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy wer op syk nei SDS look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby (2374)

As je it sa wolle dan slagget it je net.

 

Letter miskien wol mear!