SDS-fuotbalplaatsjesaksje by Jumbo-Kooistra yn Wommels

Befrijdingsweppers 2022
5 mei 2022
Weppers freed 6-5-2022
6 mei 2022

Op 10 augustus 2022 bestiet vv SDS 75 jier. Dat sil wiidweidich fierd wurde op freed 2 en sneon 3 septimber. Dêrneist wurdt der in SDS-jubileumplaatsjesboek útbrocht yn gearwurking mei Drukkerij Van der Eems Easterein en Jumbo-Kooistra Wommels. Yn septimber kinne je by de Jumbo-Kooistra yn Wommels 4 fuotbalplaatsjes krije by bepaalde produkten of in bepaald bedrach oan boadskippen. Neist de fuotbalplaatsjes sille der yn it boek ferhalen stean oer de skiednis fan SDS. Henk Bootsma is al drok dwaande foto’s te meitsjen en ferskeidene skriuwers soargje foar de ferhalen. Begjin septimber sil it SDS-jubileumplaatsjesboek ferspraat wurde ûnder de leden en sil it fergees te krijen wêze by de Jumbo-Kooistra yn Wommels.

Skriuwers dy ’t meiwurkje sille binne û.o.:
Harmke van der Werf
Aant Hofstra
Anna-Marie Wijnia
Meinte Wesselius
Willem Wijnia
Bauke Dijkstra
Dirk-Yde Sjaarda
Jan Hiemstra
Tjerk van der Pol
Jelle de Boer
Bauke de Boer

Fotograaf Henk Bootsma is al drok dwaande om sneons de SDS’ers op de foto te krijen. De kommende 4 wiken sille jim him ek noch faak op it sportkompleks sjen.

Mochten je mear ynformaasje hawwe wolle oer it SDS-jubileumplaatsjesboek mail dan nei info@vv-sds.nl of sjit de foarsitter efkes oan.

Foarsitter vv SDS, Willem Wijnia, mei filiaalmanager Jumbo-Kooistra Wommels Eelco Boonstra.


Sa soe it der út sjen gean kinne.