Âldjiersweppers!

SDS League: De beste 11 wit ik zelf!
30 december 2013
Toernooi F-pupillen 4-1
1 januari 2014

Aldjiersbalje
It âldjiersfuotbaljen yn ‘e sporthal fan Easterein begjint om 14.00 oere en duorret oant 15.30 oere. Graach 15 min. fan te foaren oanwêzich wêze om de ploechen yn te dielen. Eltsenien is fan herte wolkom om op dizze wize it âldjier út te fuotbaljen. Oant âldjiersdei yn e sporthal fan Easterein!
Groetnis,

Tjeerd Dijkstra

Snertrin
Nim hjoed gerêst in oaljekoek, want kommende sneon 4 jannewaris kinne dy ekstra kilo’s der wol wer ôfrûn wurde mei de snertrin……
Der sil ek dit jier wer in route útsetten wurde foar de kuierders en de drafers. De kuierders fertrekke dan om in oer as 13.00 en de drafers om 14.00 sadat sy tagelyk oan binne by de kantine om dêr te genietsjen fan in lekkere bak snert. Hoe ’t de rest fan de middei derút sjocht is noch in ferrassing.

Dit sjocht der yn elts gefal goed út

Help de Rabobank hjoed noch om SDS te stypjen!
It jier goed ôfslúte kinne je noch moai efkes troch mei te helpen om de Rabobank SDS stypje te litten. Sjoch
hjir mar ris.

Fuotbalgenen
Wylst de ien wepmaster it no drok hat yn de seal, jout de oare him wat mear del mei in moai boek. Oer it tige nijsgjirrige boek Voetbalgenen skriuwt hij
dit.

SDS League: “De beste 11 dy wit ik zelf”
Foar wa ’t wol wit wa ’t de earste 11 binne yn de SDS League leit in pryske te wachtsjen. Sjoch
hjir mar ris.

Trainen fan F3 gie net troch
Wy krigen juster noch in melding dat it trainen fan F3 juster net trochgie. Dat is mar goed ek, want wy tinke dat der oars guon spilers fuortwaaid wienen…..

Mear froulju oan de sydline!
As wy by SDS no ek mear froulju oan de sydline hawwe wolle dan is it miskien in ideetsje om Metzstyle, ’t Kniplokaeltsje of miskien wol Kapsalon Wilma te benaderjen as haadstiper(klik
hjir).

Winterskoft
Foar SDS 1 duorret it winterskoft net iens sa lang. Foar de winter ynfalt meie sy as it fjild it talit al los op sneon 18 jannewaris út tsjin De Wâlde 1.

Harsens derby(1179)
Sokke goals wurde normaal sprutsen allinnich makke by it âldjierssealfuotbaljen yn Easterein.