Aaipopweppers

Weppers snein 31-3
30 maart 2013
Weppers tiisdei 2-4
1 april 2013

Peaskemoandei
Je kinne hjoed wol nei de meubelboulevard of nei de babysjop, mar net mear nei de autocross en net aaisykje. It beste kinne je hjoed efkes nei VV Minnerstgea 2 – SDS 2. De wedstryd begjint om 13.00. Dêrnei kinne je dan noch wol efkes nei Aaipop.

Moaiste goal
Neffens de ferhalen waard de moaiste SDS-goal dit wykein makke by de SDS-froulju 1. Manon Travaille skoorde dêr neffens bronnen ûngefear
sa. Mochten tsjûgen in better foarbyld hawwe mail dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Antwurd
It antwurd op ús fraach by de weppers fan tongersdei; “Hoefolle (âld)-SDS’ers dogge der eins mei oan
dizze promo foar Aaipop?” is 4. Yn it filmke sjogge jim Arnold Hoekstra(âld-SDS’er), Neeltje de Boer(SDS DA1) en Pieter de Boer(lieder/trainer SDS C2) en heare jim fansels Sjoerd van Beem(SDS 2).

Boerd
Sneon tidens de wedstriid SDS 1 – WPB 1 pearde yn fan de ferdigeners fan WPB de bal oer de line tsjin in reklameboerd oan.
Dat boerd hie dêr net op rekkene en it spatte oan de ûnderkant útelkoar. Sjoch hjir.
Hartstikke ferfelend foar dat boerd soene je sa sizze. Mar dat fûn net elkenien. Der wie ek ien dy’t wille hie dat it krekt
dat boerd wie en dy makke dizze foto.

Snie
Steven van der Pol fuotballet bij SDS D2. Sneontemoarn waard it fuotbal tsjin FVC ôflast. Unbegryplik seine syn teamgenoaten, mar Steven wist wol better: der kin sa
in sniebui falle. Moai dat  syn broer dat efkes filme.

Yn Nijlân!
De wepmasters binne fannemiddei fansels op Aaipop yn Nijlân. Dy sûnder lang hier sil syn fertriet ferdrinke wolle nei it ferlies fan Feyenoord en de wepmaster sûnder bril moat fansels de wedstrydbal ophelje nei syn trije goals fan ôfrûne sneon……….

SDS-Poeisz-aksje
De SDS-Jumbo-aksje is no dien, mar de SDS-Poeisz-aksje rint noch oan ’t en mei kommende sneon. Dizze wike dus noch efkes je dukaten ynleverje by de Poeisz yn Skearnegoutum(klik hjir).

Harsens derby(993)
Miskien kin Johan Heerma ek ris in kear sa skore: