Weppers snein 31-3

Ut- en ferslaggen 30-3
28 maart 2013
Aaipopweppers
31 maart 2013

Kursus pupillen-skiedsrjochter
Yn de maaie-fakansje is der in pupillen-skiedsrjochter-kursus foar jongens en famkes fan 12-18 jier. Der binne 16 plakken. Y.p. is it bedoelt foar de froulju fan SDS Da1 en Da2 en de A’s en B’s. Mocht der net genôch opjefte wêze dan meie der efentueel ek C-junioaren meidwaan. Mochten je fragen hawwe dan kinne je terjochte by Auke of Friso. Sjoch hjir foar alle ynformaasje en opjefteformulier.

Pupillen fan de wike

Jasper Abma besoarge Wietse Fopma juster in primeur nei ôfrin fan de wedstriid tsjin WPB: Wietse mocht foar it earst mei in pupil op de foto.


Luca van der Weg wie der ek samar út. Hij woe op de foto mei “buertgenoat” Ewout de Boer.

Peaskemoandei
SDS 2 spilet dan yn Minnertsgea tsjin Minnertsgea 2. De seleksje sjocht der sa út.
11.40: der wêze
13.00 : fuotbalje
Tjeerd, Ayanle, Sjoerd van B., Jelte P., Gerrit, Feite, Jan-Simon, Hendrik, Arjen L, Anne, Jort, Robert, en Henk.
(Redmer is skorst en Willem mei wurkje)

Klaas fan Skylge
Tring….tring……. giet it freedtejûn bij huize Overal. Samme fan Skylge: “De B’s komme moarn yn Easterein te fuotbaljen mar hawwe gjin flagger. Wit heit ek ien mei in Skylge hert”.
“Moarn bin ik der” sei Klaas,”mei in flagge yn de hân.
Sa moat it ûngefear gien wêze.
Wij hawwe gjin klachten heard.

Foto’s
Henk Bootsma hat juster by SDS 1 tsjin de Waterpoort Boys 1 alderaardichste foto’s makke. Jim kinne se
hjir sjen.

Streekderby
Yn Littens is hjoed de streekderbij Oosterlittens 1- Dronryp 1. It begjint om 14.00 oere en der steane fêst wol wat âld SDS-ers yn it fjild.


Harsens derby(992)
Mar goed oefenjen bliuwe: